bordeauxread
kleurkoördinaten
heksadesimaal#800000
RGBª (r, g, b)(128, 0, 0)
CMYKº (c, m, y, k)(0, 100, 100, 50)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Bordeauxread of koartwei bordeaux is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan read. It kin omskreaun wurde as in dûnkere read-pearzige of read-brunige kleur. Bordeauxread is de komplemintêre kleur fan grienblau. De namme ferwiist nei de kleur fan bordeaux, in wynsoarte dy't yn 'e omkriten fan 'e Frânske stêd Bordeaux produsearre wurdt. Bordeauxread wurdt faak betize mei wynread, mar dat is eins in oare readtint.

Bordeaux-wyn.

Yn oare talen

Yn it Ingelsk en in protte oare Westerske talen wurdt bordeauxread oantsjut maroon (Ingelsk), marron (Frânsk), marrone (Italjaansk), maroen (Afrikaansk), ensfh. Dy nammen komme fan it Frânske wurd marron, dat yn earste ynstânsje "kastanje" betsjut. De kleur ferwiist dan nei de dûnkerreade kleur fan kastanjes. Yn it Frysk en Nederlânsk is kastanje, ek bekend as kastanjebrún, lykwols in oare kleur.

Kleurtechnyk

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) kriget men bordeauxread troch de helderheid fan 'e primêre kleur read mei likernôch de helte ôf te swakjen. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is bordeauxread in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols swart tafoege yn it stee fan syaan, om't dat bettere resultaten jout.

Kastanjes.

Besibbe tinten

bordeauxread #800000                         
boergonje #800020       
claretread #7F1734       
dûnkerread #8B0000       
kastanjebrún #954535       
ljochtbordeaux #C32148       
ryk bordeauxread #B03060       
wynread #722F37       

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.