Borankeppel yn Kenia

De Boran is in populêr fleiskoweras yn East-Afrika. It ras is ûntstien yn Kenia út de lânseigen Sebû, mei koarte hoarnen, fan it Borana-folk út it suden fan Etioopje. Boran binne meast wyt-griis, mar bollen binne donkerder (somtiids benei swart). Sy lykje in protte op de Amerikaanske Brahman, omdat sy ek ôfstamje fan de kij fan de westkust fan Yndia, allinne barde dat al folle earder. Meidat sy al goed tûzen jier yn Afrika tahâlde, hawwe sy har goed oanpast oan de pleatslike omstannichheden en parasiten.

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.