Boobwatch
film
makkers
regisseurJames DiGiorgio
produsintLuc Wylder
útfierend
   produsint
Matthew Taylor
senarioJames DiGiorgio
basearre opBaywatch
kamerarezjyJack Remy
filmstudioSin City
distribúsjeSin City
spilers
haadrollenRocki Roads
Sophia Staks
Mike Horner
Vince Vouyer
byrollenRuby
Crissy Canfield
Stevie Starr
Colt Steel
Ringman
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
direkt op fideo1996
foarmlangspylfilm
sjenrepornofilm
taalIngelsk
spyltiid86 minuten
filmsearje
filmsearjeBoobwatch
 folgjend dielBoobwatch 2: Malibu Rocki

Boobwatch is in Amerikaanske pornofilm fan it grutte-boarstesjenre út 1996. It is in pornografyske parody op 'e aksjesearje Baywatch, oer it wol en wee fan in groep strânwachten oan 'e kust fan it Kalifornyske Malibu, dy't yn 'e 1990-er jierren tige populêr wie. Wylst de titel fan Baywatch oerset wurde kin as "Baaiwacht", bestjut "Boobwatch" safolle as "Titewacht". Boobwatch wie in produksje fan filmstudio Sin City. De film kaam letter mei weromwurkjende krêft bekend te stean as Boobwatch 1, mei't der ferskate ferfolgen op makke waarden.

Plot

In stikmannich froulju dy't strânwacht wurde wolle, geane yn training by strânwachtfeteranen Alex en Rod. De nijste lichting strânwachten blykt gjin ferlet mear te hawwen fan rêdingsboeien, mei't se tarist binne mei eigen apparaten dy't harren driuwende hâlde. Nei in drege en útputtende training slagje de froulju allegearre mei flagge en wimpel, en krije se harren diploma as strânwacht útrikt.

Rolferdieling

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Rocki Rocki Roads
Billie Jean Sophia Staks
Alex Mike Horner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Rod Vince Vouyer
Crystal Ruby
April Chrissy Canfield
Chastity Stevie Starr
Ruby har dreamminner Colt Steel
Rocki har man Ringman

Sêne-yndieling

Produksje

Boobwatch waard regissearre troch James DiGiorgio, nei in senario dat er sels skreaun hie. Filmprodusint wie Luc Wylder, foar filmstudio Sin City. As útfierend produsint wie Matthew Taylor by it projekt belutsen, wylst Jack Remy de kamerarezjy die.

Keppelings om utens

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.