Bonifatiustsjerke

Bonifatiuskerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Vries
adresBrink
bysûnderheden
type bouwurkTsjerke
boujier1150
boustylRomanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer38146 (tsjerke) [1]
37147 (toer) [2]
offisjele webside
Protestantske gemeente Vries

De Bonifatiustsjerke oan de Brink yn Vries is it âldste tsjerkegebou fan Drinte. Boud as roomske tsjerke en nei de reformaasje feroare yn in herfoarme tsjerke is de Bonifatiustsjerke tsjintwurdich de PKN-tsjerke fan Vries.

Skiednis

De tsjerke waard yn de 12e iuw boud en wijd oan de hillige Bonifatius. De tige ryk fersierde romaanske toer waard healwei de 12e iuw boud en efkes letter folge de bou fan de ienskippige romaanske tsjerke fan dowestien. It ferhege koer fan bakstien is letgoatysk en datearret út it earste fearn fan de 15e iuw.

De tsjerke waard yn de jierren 1946-1949 restaurearre. It skip krige by de restauraasje de romaanske finsters werom. By de wurksumheden waard yn de grûn in mal fûn fan de yn 1516 getten liedklok. Nei alle gedachten gyng dat om de Marijeklok, dy't yn 1517 makke waard troch de klokkejitter Wolter Schonenborch. Dy mal wurdt mei de ek ûntdutsen holle en bolle dakpannen bewarre yn it museum dat ûnder de konsistoarje fan de tsjerke ûnderbrocht is.

Ynterieur

Doopfont

It 13e-iuwsk doopvont fan Bentheimer sânstien is yn de 19e iuw ferkocht oan it Drintsk Museum. It doopfont stiet tsjintwurdich wer yn de tsjerke as brûklien fan it museum. De preekstoel yn de tsjerke is fan 1661. Fierder steane der yn de tsjerke twa banken út 1657 en in hearebank mei sierlik fykwurk út 1762.

De tsjerke hat in houten balkeplafond. It koer besit in by de restauraasje rekonstruearre stiennen ferwulft, nei't dat yn 1680 ynstoart wie. De ribben rêste op orizjinele kraachstiennen mei û.o. foarstellings fan de symboalen fan de evangelisten. Yn it koer is ek noch in diel fan in sakramintsnis te sjen.

Oargel

It ienmanualige oargel waard yn 1885 boud troch de bruorren Van Oeckelen út Glimmen. Mense Ruiter restaurearre it oargel yn 2006-2007. It oargel is yn oarspronklike steat en besit 8 registers en in oanhongen pedaal.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.