In Bond girl of "Bond-famke" is in tsjep, jong, froulik personaazje út 'e romans en koarte ferhalen fan 'e James Bond-romansearje, de films fan 'e James Bond-filmsearje en de ûnderskate James Bond-fideospultsjes. Sokke personaazjes geane om mei de Britske geheim agint James Bond (faak troch mei him it bêd te dielen), en komme ornaris yn mar ien boek of film foar. Se hawwe soms nammen dêr't in seksuele dûbelsinnichheid yn besletten leit of dy't op oare wize apart binne. Der binne ferskate typen Bond girls: de helpster, de femme fatale en it slachtoffer. De oantsjutting 'Bond girl' kin ek yn it echte libben brûkt wurde foar de aktrises dy't yn in James Bond-film sa'n rol spylje. Foar sokke aktrises jout dy rol faak in tige positive ympuls oan harren karriêre.
Ynspiraasje
De ynspiraasje foar alle oarspronklike Bond girls út 'e romans en koarte ferhalen dy't skreaun waarden troch Ian Fleming, de geastlike heit fan it personaazje James Bond, soe skoan syn freondinne Muriel Wright west hawwe kinne. Hja wie 26 jier en neffens doetiidske beskriuwings "útsûnderlike tsjep" doe't hja yn 1935 mei Fleming yn 'e kunde kaam. Wright wie ek in feardich ruter, skyster en polospylster, en boppedat wie se ryk wurden fan har wurk as model. Sy en Fleming krigen in relaasje wêrby't se him trou bleau nettsjinsteande syn oanhâldende gefallen fan oerhoer. Doe't se ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 1944 omkaam by in Dútsk bombardemint wie Fleming der alhiel stikken fan.
Nammen
De Bond girls út 'e boeken fan Fleming en de films oer James Bond drage soms nammen dy't apart binne, lykas Vesper Lynd (vesper betsjut "jûnsgebed"), May Day (letterlik: "maaiedei", mar it betsjut eins "1 maaie" of "mayday", in helpoprop fan piloaten), Molly Warmflash (warmflash betsjut "waarmflits" en ropt assosjaasjes mei de oergong op), Christmas Jones (christmas betsjut "kryst"), en Fields ("fjilden"), dy't fan foaren Strawberry ("ierdbei") blykt te hjitten. Ferskate kearen komt it ek foar dat Bond girls in namme drage dy't in seksueel suggestive wurdboarterij befettet, lykas Honey Ryder ("hunichrider"), Pussy Galore ("poeske oeral"), Plenty O'Toole ("genôch ark"), Holly Goodhead ("Holly Pijper")* en Xenia Onatopp ("Xenia Boppe-op").
*) Goodhead is eins in besteande Ingelske efternamme dy't in ferbastering is fan it Angelsaksyske wurd foar "godheid", in betsjutting dy't men yn it hjoeddeistige Ingelsk net mear weromken om't it efterheaksel -head, "-heid", net mear bestiet; head, "holle", is lykwols ek in sprektaalterm foar orale seks, en Goodhead kin sadwaande opfet wurde as "goede orale seks" of "goed yn orale seks".
Ferskillende soarten Bond girls
Der besteane gjin regels foar hokker rol in froulik personaazje yn in ferhaal oer James Bond spylje moat om as Bond girl beskôge te wurden. De iennichste betingsten foar dy oantsjutting binne dat se tsjep en jong wêze moat. Faak hawwe Bond girls geandewei it ferhaal seks mei James Bond, mar dat hoecht net. Bond girl Camille Montes yn 'e film Quantum of Solace, bygelyks, dielt nea it bêd mei Bond, hoewol't se yn dy film fierwei it wichtichste jonge, tsjeppe, froulike personaazje is. Los fan 'e fraach oft se no al of net seksuele partners fan Bond binne, besteane der trije soarten Bond girls:
- de helpster – sy helpt Bond om syn doel te berikken
- de femme fatale – sy besiket Bond fan syn doel ôf te hâlden, ornaris troch him te ferlieden en dan te besykjen om him te fermoardzjen
- it slachtoffer – sy komt koart mei Bond yn 'e kunde, rekket faak sûnder wat fan 'e saak ôf te witten by syn aventoeren belutsen en moat dat mei de dea bekeapje
Opsomming fan Bond girls
Yn literêre wurken fan Ian Fleming
titel (jier fan publ.) | Bond girl |
---|---|
Casino Royale (1953) | Vesper Lynd |
Live and Let Die (1954) | Simone "Solitaire" Latrelle |
Moonraker (1955) | Gala Brand |
Diamonds Are Forever (1956) | Tiffany Case |
From Russia, with Love (1957) | korporaal Tatjana Romanova |
Dr. No (1958) | Honeychile Rider |
Goldfinger (1959) | Pussy Galore Jill Masterton Tilly Masterton |
From a View to a Kill (1960) | Mary Ann Russell |
For Your Eyes Only (1960) | Judy Havelock |
Quantum of Solace (1960) | n.f.t. |
Risico (1960) | Lisl Baum |
The Hildebrand Rarity (1960) | Liz Krest |
Thunderball (1961) | Domino Vitali Patricia Fearing |
The Spy Who Loved Me (1962) | Vivienne Michel |
On Her Majesty's Secret Service (1963) | Teresa di Vicenzo (Tracy Bond) Ruby Windsor |
You Only Live Twice (1964) | Kissy Suzuki Mariko Ichiban famke sûnder namme |
The Man with the Golden Gun (1965) | Mary Goodnight |
The Living Daylights (1966) | Trigger |
The Property of a Lady (1966) | Maria Freudenstein |
Octopussy (1966) | n.f.t. |
007 in New York (1966) | Solange |
Yn literêre wurken fan oare skriuwers
titel (jier fan publ.) | skriuwer | Bond girl |
---|---|---|
Colonel Sun (1968) | Kingsley Amis (pseudonym Robert Markham) | Ariadne Alexandrou |
Licence Renewed (1981) | John Gardner | Lavender Peacock |
For Special Services (1982) | John Gardner | Cedar Leiter Nena Bismaquer |
Icebreaker (1983) | John Gardner | Paula Vacker Rivke Ingber |
Role of Honour (1984) | John Gardner | Persephone "Percy" Proud |
Nobody Lives for Ever (1986) | John Gardner | Sukie Tempesta |
No Deals, Mr. Bond (1987) | John Gardner | Ebbie Heritage |
Scorpius (1988) | John Gardner | Harriett Horner |
Win, Lose or Die (1989) | John Gardner | Clover Pennington Beatrice Maria da Ricci |
Brokenclaw (1990) | John Gardner | Sue Chi-Ho |
The Man from Barbarossa (1991) | John Gardner | Stephanie Adoré Nina Bibikova |
Death is Forever (1992) | John Gardner | Elizabeth "Easy" St. John |
Never Send Flowers (1993) | John Gardner | Fredericka "Flicka" von Grüsse |
SeaFire (1994) | John Gardner | Fredericka "Flicka" von Grüsse |
Cold (1996) | John Gardner | Sukie Tempesta Beatrice Maria da Ricci |
Blast From the Past (1997) | Raymond Benson | n.f.t. |
Zero Minus Ten (1997) | Raymond Benson | Sunni Pei |
The Facts of Death (1998) | Raymond Benson | Niki Mirakos Hera Volopoulos |
Midsummer Night's Doom (1999) | Raymond Benson | Lisa Dergan |
High Time to Kill (1999) | Raymond Benson | Helena Marksbury Hope Kendal |
Live at Five (1999) | Raymond Benson | Janet Davies |
DoubleShot (2000) | Raymond Benson | Kimberly Feare Heidi Taunt Hedi Taunt |
Never Dream of Dying (2001) | Raymond Benson | Tylyn Mignonne |
The Man with the Red Tattoo (2002) | Raymond Benson | Reiko Tamura Mayumi McMahon |
Devil May Care (2008) | Sebastian Faulks | Scarlett Papava |
Carte Blanche (2011) | Jeffery Deaver | Felicity Willing Ophelia "Philly" Maidenstone |
Solo (2013) | William Boyd | Bryce Fitzjohn Efua Blessing Ogilvy-Grant |
Trigger Mortis (2015) | Anthony Horowitz | Jeopardy Lane Logan Fairfax Pussy Galore |
Forever and a Day (2018) | Anthony Horowitz | Joanne "Sixtine" Brochet |
Yn films fan Eon Productions
Yn 'e films fan Eon Productions wurdt aktrise Ursula Andress yn har rol as Honey Ryder yn Dr. No (1962) rûnom beskôge as de earste Bond girl. It wie lykwols pas de film Goldfinger (1964) dy't de Bond girl ta in fêst ûnderdiel fan 'e James Bond-films makke.
film | bêdpartner | helpster | femme fatale | slachtoffer |
---|---|---|---|---|
Dr. No | Sylvia Trench (Eunice Gayson) Miss Taro (Zena Marshall) Honey Ryder (Ursula Andress) | Honey Ryder | Miss Taro | n.f.t. |
From Russia with Love | Sylvia Trench (Eunice Gayson) Vida (Aliza Gur) Zora (Martine Beswick) Tatjana Romanova (Daniela Bianchi) | Tatjana Romanova | Rosa Klebb (Lotte Lenya) | n.f.t. |
Goldfinger | Jill Masterson (Shirley Eaton) Pussy Galore (Honor Blackman) | Pussy Galore | Bonita (Nadja Regin) | Jill Masterson Tilly Masterson (Tania Mallet) |
Thunderball | Patricia "Pat" Fearing (Molly Peters) Fiona Volpe (Luciana Paluzzi) Domino Derval (Claudine Auger) | Domino Derval | Fiona Volpe | Paula Caplan (Martine Beswick) |
You Only Live Twice | Aki (Akiko Wakabayashi) Helga Brandt (Karin Dor) Kissy Suzuki (Mie Hama) | Kissy Suzuki | Helga Brandt | Aki |
On Her Majesty's Secret Service | Teresa di Vicenzo (Diana Rigg) Ruby Bartlett (Angela Scoular) Nancy (Catherine Schell) | Teresa di Vicenzo | Irma Bunt (Ilse Steppat) | Teresa di Vicenzo |
Diamonds Are Forever | Tiffany Case (Jill St. John) | Tiffany Case | Bambi (Lola Larson) Thumper (Trina Parks) | Plenty O'Toole (Lana Wood) |
Live and Let Die | Miss Caruso (Madeline Smith) Rosie Carver (Gloria Hendry) Solitaire (Jane Seymour) | Solitaire | n.f.t. | Rosie Carver |
The Man with the Golden Gun | Andrea Anders (Maud Adams) Mary Goodnight (Britt Ekland) | Mary Goodnight | n.f.t. | Andrea Anders |
The Spy Who Loved Me | fanke yn blokhutte (Sue Vanner) fanke yn haremtinte (Dawn Rodrigues) majoar Anja Amasova (Barbara Bach) | Anja Amasova | Naomi (Caroline Munro) | Felicca (Olga Bisera) |
Moonraker | Corinne Dufour (Corinne Cléry) Manuela (Emily Bolton) Holly Goodhead (Lois Chiles) | Holly Goodhead | stewardess yn priveefleantúch (Leila Shenna) blondine (Irka Bochenko) | Corinne Dufour |
For Your Eyes Only | grevinne Lisl von Schlaf (Cassandra Harris) Melina Havelock (Carole Bouquet) | Melina Havelock | n.f.t. | grevinne Lisl von Schlaf |
Octopussy | Magda (Kristina Wayborn) Octopussy (Maud Adams) | Octopussy | n.f.t. | n.f.t. |
A View to a Kill | Kimberley Jones (Mary Stävin) May Day (Grace Jones) Pola Ivanova (Fiona Fullerton) Stacey Sutton (Tanya Roberts) | Stacey Sutton | May Day Jenny Flex (Alison Doody) Pan Ho (Papillon Soo Soo) | May Day |
The Living Daylights | Linda (Kell Tyler) Kara Milovy (Maryam d'Abo) | Kara Milovy | n.f.t. | n.f.t. |
Licence to Kill | Pam Bouvier (Carey Lowell) Lupe Lamora (Talisa Soto) | Pam Bouvier | n.f.t. | Della Churchill (Priscilla Barnes) |
GoldenEye | Caroline (Serena Gordon) Natalja Simonova (Izabella Scorupco) | Natalja Simonova | Xenia Onatopp (Famke Janssen) | n.f.t. |
Tomorrow Never Dies | prof. Inga Bergstrøm (Cecilie Thomsen) Paris Carver (Teri Hatcher) Lin Wai (Michelle Yeoh) | Lin Wai | n.f.t. | Paris Carver |
The World Is Not Enough | dr. Molly Warmflash (Serena Scott Thomas) Elektra King (Sophie Marceau) dr. Christmas Jones (Denise Richards) | dr. Christmas Jones | Giulietta da Vinci (Maria Grazia Cucinotta) Elektra King | n.f.t. |
Die Another Day | Jinx Johnson (Halle Berry) Miranda Frost (Rosamund Pike) | Jinx Johnson | Miranda Frost | n.f.t. |
Casino Royale (2006) | Vesper Lynd (Eva Green) | Vesper Lynd | Valenka (Ivana Miličević) | Solange Dimitrios (Caterina Murino) |
Quantum of Solace | Strawberry Fields (Gemma Arterton) | Camille Montes (Olga Kurylenko) | n.f.t. | Strawberry Fields |
Skyfall | minneresse fan Bond (Tonia Sotiropoulou) Sévérine (Bérénice Marlohe) | Miss Moneypenny (Naomie Harris) | n.f.t. | Sévérine |
Spectre | Lucia Sciarra (Monica Bellucci) dr. Madeleine Swann (Léa Seydoux) | dr. Madeleine Swann | n.f.t. | n.f.t. |
No Time to Die | dr. Madeleine Swann (Léa Seydoux) | dr. Madeleine Swann Paloma (Ana de Armas) Nomi (Lashana Lynch) | n.f.t. | n.f.t. |
Yn oare films
Der binne trije James Bond-films dy't net troch Eon Productions makke waarden. Yn dy films binne de ûnderskate rollen fan 'e Bond girls folle dreger te kategorisearjen.
film | Bond girl |
---|---|
Casino Royale (1954) | Valerie Mathis (Linda Christian) |
Casino Royale (1967) | Vesper Lynd (Ursula Andress) Miss Goodthighs (Jacqueline Bisset) Miss Moneypenny (Barbara Bouchet aginte Mimi/Lady Fiona McTarry (Deborah Kerr) The Detainer (Daliah Lavi) Mata Bond (Joanna Pettet) Buttercup (Angela Scoular) |
Never Say Never Again | Domino Petachi (Kim Basinger) Fatima Blush (Barbara Carrera) Patricia Fearing (Prunella Gee) dame yn 'e Bahama's (Valerie Leon) Nicole (Saskia Cohen Tanugi) |
Yn fideospultsjes
fideospultsje | Bond girl | aktrise |
---|---|---|
007: Agent Under Fire | Zoe Nightshade Adrian Malprave dr. Natalja Damescu | Caron Pascoe (stim) Eve Karpf (stim) Beatie Edney (stim) |
James Bond 007: Nightfire | Dominique Paradis Zoe Nightshade Alura McCall Makiko Hayashi | Lena Reno (stim) Jeanne Mori (stim) Kimberley Davies (stim) Tamlyn Tomita (stim) |
James Bond 007: Everything or Nothing | Serena St. Germaine dr. Katja Nadanova Miss Nagai Mya Starling | Shannon Elizabeth Heidi Klum Misaki Ito Mýa |
GoldenEye: Rogue Agent | Pussy Galore Xenia Onatopp | Jeannie Elias (stim) Jenya Lano (stim) |
007: From Russia with Love | Tatjana Romanova Eva Adara Elizabeth Stark | Daniela Bianchi (likenis), Kari Wahlgren (stim) Maria Menounos Natasha Bedingfield |
James Bond 007: Blood Stone | Nicole Hunter | Joss Stone |
GoldenEye 007 | Xenia Onatopp Natalja Simonova | Kate Magowan Kirsty Mitchell |
007 Legends | Holly Goodhead Tracy Draco Pam Bouvier Jinx Johnson Pussy Galore | Jane Perry Diana Rigg (likenis), Nicola Walker (stim) Carey Lowell Gabriela Montaraz (likenis), Madalena Alberto (stim) Honor Blackman (likenis), Natasha Little (stim) |
Effekt op karriêres
De rol fan Bond girl is ornaris in tige opfallende rol foar in aktrise, mei't James Bond-films in protte oandacht krije. Sadwaande kin sa'n rol foar aktrises dy't noch net botte bekend binne in wichtige ympuls oan harren karriêre jaan. It is lykwols ek ferskate kearen foarkommen dat der in aktrise as Bond girl cast waard, dy't op dat stuit al bekend wie. Diana Rigg en Honor Blackman, bygelyks, waarden beiden cast as Bond girls nei't se yn it Feriene Keninkryk al stjerren wurden wiene mei de tige populêre tillefyzjesearje The Avengers (yn Nederlân doedestiden útstjoerd as De Wrekers). En Halle Berry wûn de Oscar foar bêste aktrise yn itselde jier (2002) dat Die Another Day útkaam, de film wêryn't sy in rol as Bond girl hie.
Ek Teri Hatcher wie al bekend fan har rol as Lois Lane yn 'e tillefyzjesearje Lois & Clark: The New Adventures of Superman, foar't se yn Tomorrow Never Dies as Bond girl cast waard. Jane Seymour, oan 'e oare kant, wie folslein ûnbekend doe't se yn 1973 de Bond girl spile njonken Roger Moore's fertolking fan James Bond yn Live and Let Die. (Yn 'e begjintitels fan dy film stiet sels Introducing Jane Seymour.) Neitiid wûn se in Emmy Award foar har rol as operasjongster Maria Callas yn in tillefyzjefilm en úteinlik waard se oer de hiele wrâld húsriem mei de langrinnende tillefyzjesearje Dr. Quinn, Medicine Woman. It grutste súkses nei in rol as Bond girl hie wierskynlik Kim Basinger, dy't nei har trochbraak njonken Sean Connery yn Never Say Never Again in karriêre yn 'e filmyndustry fan Hollywood opboude dy't ta in hichtepunt kaam mei har Oscar foar bêste aktrise foar har rol yn L.A. Confidential.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |