In bommesmiter is in militêre fleanmasine ornearre foar it oanfallen fan grûndoelen mei bommen, torpedo's of raketten.
Skiednis
It earste bombardemint dat útfierd waard troch in fleanmasine, fûn yn 1911 plak, ûnder de Italjaansk-Turkske Oarloch, doe't in Italjaanske piloat bommen útsmiet boppe Osmaanske stellings yn wat no Lybje is. Yn 'e Earste Wrâldoarloch (1914-1918) waarden loftbombardeminten foar it earst op gruttere skaal ynset. Yn 't earstean waarden bommen dêrby troch piloaten mei de hân út 'e fleanmasine smiten, mar tsjin 'e ein fan 'e oarloch waarden de earste, spesjaal foar it útfieren fan loftbombardeminten ûntwurpen fleanmasines boud. Dat wie it ûntstean fan 'e bommesmiter. (Ek seppelins waarden doedestiden trouwens brûkt foar it útfieren fan loftbombardeminten.) Yn it Ynterbellum ferrûn de ûntwikkeling fan 'e bommesmiter fluch, en tsjin 'e tiid dat yn 1939 de Twadde Wrâldoarloch útbriek, wie it in klasse fleanmasines wurden dy't him dúdlik ûnderskate fan 'e fluggere en better maneuvrearbere jachtfleanmasine.
Soarten bommesmiters
- Strategyske bommesmiters binne benammen ûntwurpen om strategyske doelen op grutte ôfstân fan 'e thúsbasis oan te fallen, lykas oare militêre bases, fabriken, skipswerven, wichtige brêgen, ensfh. Foarbylden fan dit type bommesmiters binne de Avro Lancaster, de Boeing B-17 Flying Fortress, de Boeing B-29 Superfortress, de Boeing B-52 Stratofortress, de Northrop Grumman B-2 Spirit, de Rockwell B-1 Lancer, de Tûpolev Tû-16 en de Tûpolev Tû-160.
- Taktyske bommesmiters binne ûntwurpen om foar it ûnderstypjen fan grûntroepen oer in slachfjild te fleanen en taktyske doelen oan te fallen, lykas troepekonsintraasjes, tanks, brêgen, spoarlinen, ensfh. Tsjin skippen kinne net inkeld bommen, mar ek lofttorpedo's ynset wurde, dy't yn it wetter dropt wurde en dan sels harren wei nei it doel fine. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden foar it earst ek grûndoelraketten ynset, dy't neitiid fierder ûntwikkele waarden ta stjoerde wapens. It giet by taktyske bommesmiters faak om saneamde dûkbommesmiters. Foarbylden fan taktyske bommesmiters binne de Aichi D3A "Val", de Dassault Mirage 2000, de Fairchild Republic A-10 Thunderbolt, de Fairey Battle, de Heinkel He-111, de Heinkel He-177, de Henschel Hs-129, de Iljûsjin Il-2, de Junkers Ju-87 (better bekend as de Stuka), de Mikojan Goerevitsj MiG-27, de Nakajima B5N "Kate", de Sûchoi Sû-25 en de Xian JH-7.
- Jachtbommesmiters binne fleanmasines mei in dûbele rol: se kinne tarist wurde foar it bombardearjen fan taktyske doelen, mar ek foar it bestriden fan 'e fleanmasines fan 'e fijân en foar útfieren fan loftgefjochten. Foarbylden fan sokke tastellen binne de Dassault Mirage 2000, de F-16 Fighting Falcon, de F/A-18 Hornet, de Hawker Typhoon en de Panavia Tornado.
Strategyske bommesmiters hawwe ornaris wol in beskate foarm fan ôfwargeskut, lykas in boardkanon, mar se binne relatyf grut, en loch en traach, en net ûntwurpen om loftgefjochten mei oare fleanmasines oan te gean. Fral op yndividuele misjes binne se kwetsber foar fijannige jachtfleanmasines. As de oanwêzichheid dêrfan ferwachte wurdt, moatte strategyske bommesmiters dan ek eskortearre wurde troch eigen jachtfleanmasines, dy't de oanfallen fan 'e fijân ôfslaan moatte.
- Gotha G.III
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|