Boksum
Sint-Margryttsjerke
Sint-Margryttsjerke
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal395 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak2,71 km², wêrfan:
- lân: 2,67
- wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht.152 ynw./km²
Oar
Koördinaten53° 10' N 5° 43' E
Offisjele webside
www.boksum.frl
FB-side Boksum
Kaart
Boksum (Waadhoeke)
Boksum

Boksum is in doarp yn it súdeasten fan de gemeente De Waadhoeke tichteby it doarp Jellum. Oan de eastlike kant fan de himrik is de stêd Ljouwert mei syn bebouwing kommendewei. Allinne de Heak om Ljouwert hâldt de âlde doarpshimrik noch frij fan it optsjende Ljouwerter yndustrygebiet.

Boksum hat 395 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Namme

Yn 'e 13e iuw waard it doarp fermeld as Boxum. Oare bekende nammen binne Boxim (1400) en Bouxum (1478). Oant 1982 wie de offisjele namme Boxum. De offisjele namme fan de Boxsumervaart waard yn 2007 ferfryske ta Boksumer Soal. De polder hjit noch jimmeroan Polder Boxum. De namme betsjut hiem fan Bokke.

Skiednis

De tsjerke mei de âlde sealtektoer yn 1723

Lykas de oare doarpen yn de omkriten is Boksum ûntstien oan de Middelsee. De âlde Middelseedyk, de Hegedyk, tsjûget dêr noch fan. Foar de reformaasje hearde it doarp ûnder it dekanaat Jorwert en it hat in ridlik grutte parochy west mei in pastoar, in fikaris en twa prebintarissen. Boksum mocht net in eigen pastoar kieze, dat rjocht wie foar de premonstratinzerske abdij Lidlum, dy't yn Boksum twa úthôven hie: it Muontsehûs en Terpoarte. De bewenners fan de úthôven wiene grûnwurkers en min yn 'e stokken te hâlden. Yn it jier 1332 waard abt Eelko Liaukama troch muontsen fan it kleaster deaslein op de úthôf fan it kleaster. Boksum hearde yn de striid tusken Skier en Fet yn it gebiet fan Skier en hat in soad te lijen hân fan de strideraasjes.

Tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Sint-Margryttsjerke (Boksum).

De oarspronklik oan Margryt fan Antiochje wijde tsjerke waard om it jier 1100 boud en om 1300 hinne fergrutte. Yn de noardmuorre sit in tichtmitsele koerbôgige yngong mei in list fan profylstien út ûngefear 1500. De toer is yn 1843 boud nei in ynstoarting. Ein 2003 is de tsjerke, mei in oargel út 1675, restaurearre. Yn 2010 is it oargel werombrocht yn âlde steat. De tsjerke fan Boksum hat in tradisjoneel protestantsk bankeplan: rjochts de banken foar de froulju en lofts foar de manlju. De hearebank út 1661 hat in bekroaning en in wapen fan Bouricius en Glinstra.

By it oanlizzen fan leidings yn 'e grûn waard yn 2002 in midsiuwske sarkofaach fûn, dy't opgroeven waard en in plak yn de foartsjerke krige. Yn desimber 2006 waard by in ûndersyk dat folge wer in sarkofaach fûn. Dêrnei waarden der trije groppen groeven en fuort yn de earste waard wer in sarkofaach fûn.

Eardere grifformearde tsjerke

De ôfskieding yn Boksum fûn yn 1847. De grifformearden hiene ynearsten harren tsjerkje yn in hûs oan It Fine Reedsje, mar krigen yn 1909 in echte tsjerke oan de Oedsmawei. Yn 1930 is de tsjerke nochris grutter makke. Yn 2004 is de grifformearde tsjerke sletten om't by de foarming fan de PKN foar de Margryttsjerke keazen waard. It Reil-oargel út 1982 ferhûze nei de Wite Tsjerke fan Lochem en de grifformearde tsjerke krige in oare funksje.

States

Benoarden de Margryttsjerke stie eartiids de op it heechste diel fan de yn 1869 ôfgroeven terp Juckemastate. Dêr wenne yn 'e 15e iuw Worp Liuwes, dy't Ljouwert 400 goudgûne as skea foar it fernielen fan syn stins betelje liet. Tusken 1640 en 1698 waard de Juckemastate ôfbrutsen. Dat hat ek noch in Oedsmastate en Scheltingastate west. Oer dy staten is net in soad bekend. De Schotanusatlassen fan 1698 en 1719 sette de Scheltemastate op it plak yn 'e hoeke fan de Hegedyk en de Tiltsjedyk dêr't Wopke Eekhoff de Oedsmastate set hat. Van den Akker neamde yn 1940 de Eekhoff-kaart in fersin en stelde dat de Oedsmastate op de doarpsterp stie en deselde wie as Juckemastate. In grêfstien yn 'e tsjerke fan Wytse fan Juckema mei it opskrift tot Oetsma soe dat mooglik ûnderstypje.[3]

Slach by Boksum

Slach by Boksum

Yn de Tachtichjierrige Oarloch fûn by Boksum op 17 jannewaris 1586 tusken troepen fan Filips II en Fryske troepen de Slach by Boksum plak. De Spanjerts koene sa ticht by de haadstêd komme, om't alle sleatten en fearten beferzen wienen. In leger fan sa'n 1000 man út Ljouwert hie him klear makke foar in konfrontaasje mei de Spanjerts, mar it wie yntusken teiwaar en der ûntstie dize oer it lân. Nei't se troch Spanjerts ûntdutsen waarden ferplettere it Spaanske leger de Friezen. Fanwegen it teiwaar lutsen de Spanjerts harren werom en de likernôch 400 oant 500 manlju dy't by de striid omkamen waarden by Boksum en Blessum begroeven.[4] Neffens in âld boerd yn 'e tsjerke wiene der lykwols sa'n tûzen slachtoffers.

Grêf fan Bokke en Skelte, twa slachtoffers fan de Slach by Boksum (1586)

Yn 2016 waarden by de oanlis fan in fytstunnel by Pypsterbuorren yn it ramt fan de werynrjochting Deinum-Boksum bonken en ierdewurk fûn. It wie in kûle dêr't meiïnoar seis of sân minsken yn leine, wêrûnder trije manlju fan likernôch 20 jier; de oaren wiene om 15 jier hinne en der wie ien fan 12 jier. Yn ien fan de plassen siet in kûgelgat en út ûndersyk die bliken dat de resten fan Friezen út de tiid fan de Slach by Boksum datearje. Twa fan de manlju waarden yn in grêf yn de tsjerke lein en krigen de nammen Bokke en Skelte.

Stasjon

Tusken Boksum en Jellum stie fan 1883 oant 1938 oan it spoar Ljouwert-Starum it stasjon Jellum-Boksum. In bekend ferske, in kanon fan de Fryske komponist Paulus Folkertsma, oer Jellum-Boksum:

'It muzyk giet troch de buorren, it is allegearre folk.'
'Rom-bom-bom, rom-bom-bom, slacht de tromme.'
'Dêr begjint it al: "Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!'
'Alle jonges, alle famkes sjonge mei `t Is in lust,
'Hast ús hiele lytse doarpke dat is op 'en baan!'

Gemeente

Boksum hearde by de gritenij Menameradiel, dy't by de gemeentewet fan 1851 omset waard yn in Nederlânske gemeente. De weryndielings fan 1984 yn Fryslân wiene foar Menameradiel sûnder gefolgen, mar by de weryndieling fan 2018 waard Menameradiel opheft. Boksum heart sûnt by de gemeente Waadhoeke.

Mienskip

It String

It doarp hat sûnt 1907 in feriening fan Doarpsbelangen, dêr't ek de begraffenisferiening ûnder falt. By in grutte ferbouwing fan it doarpshûs It String binne in soad frijwilligers oan it wurk west. Boksum hat mienskiplik mei de doarpen Deinum, Ritsumasyl en Blessum de doarpskrante De Klaver Trije, dy't alveris yn 't jier ferskynt. Boksumers krigen leafst trije skelwurden: kikkerts op 'e fyts, skriezen en kneppels. It doarpsfeest wurdt yn 'e regel yn it lêst fan augustus fierd.[5]

Tsjerke

Skoalle

Nei in lange striid fan it doarp waard de basisskoalle Otto Clant yn 2018 sletten. De skoalle waard ôfbrutsen en sûnt 2023 ferfongen troch nijbou foar de ynwenners fan it eigen doarp.[6][7]

Ferieningen

Pleats oan de Oedsmawei

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Buorren
Pleats Hegedyk 1

Befolkingsferrin

Jier18401954195919641969197420042013
Ynwenners237404381342342360±400422
Jier20152020
Ynwenners412405

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers. Oare jierren oernommen fan de besteande ynformaasje sûnder boarnefermelding yn it artikel.)

Berne

Publikaasjes

  • D. Gerbens "Boksum foar de lins" (15 jier histoaryske wurkgroep Boksum foar de lins 1988-2003)
  • Syds Pasma e.o. Boksum foar de Lins 2

Strjitten

Blessumerpaad, Buorren, Diorremahiem, Fockingastrjitte, Heechpaad, Hegedyk, Hilaarderpaad, It Reedtsje, Muontsehiem, Nijlânsdyk, Oedsmawei, Pypsterbuorren, Scheltemahiem, Tiltsjedyk.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Skiednis fan Menameradiel, O. Santema en Y.N. Ypma, ISBN 90 6171 427 3
  4. Ynformaasjeboerd by it grêf fan Bokke en Skelte yn de Margryttsjerke
  5. List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker
  6. Ljouwerter Krante, 13 desimber 2021
  7. omroepzilt.nl

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.