Bohemian Rhapsody | ||
Bohemian Rhapsody by Queen US vinyl read label | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | I'm in Love with My Car | |
artyst | Queen | |
album | A Night at the Opera | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Rock, Hardock | |
útbrocht | 31 oktober 1975 | |
opnommen | augustus–septimber 1975 | |
doer | 5:55 | |
label | EMI | |
skriuwer | Freddie Mercury | |
produsint | Roy Thomas Baker, Queen | |
fideoclip | ||
Queen – Bohemian Rhapsody (Official Video Remastered) | ||
resultaten | ||
hitlisten | top 40 - 1, Single Top 100 - 1, Ultratop 50 - 1 | |
sertifisearre | Austraalje 8x platinum, Kanada 7x platinum, Denemark 2× platinum, Itaalje 4× platinum, Nij-Seelân 2× platinum , Portegal 4× platinum, Spanje 3× platinum, Grut-Brittanje 3× platinum, Feriene Steaten 10x platinum |
Bohemian Rhapsody is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn augustus en septimber 1975 en útbrocht op it album A Night at the Opera út 1975. Bohemian Rhapsody wie it alfde nûmer op it album en waard op 31 oktober 1975 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer
Bohemian Rhapsody waard skreaun troch Freddie Mercury, It operadiel wie oarspronklik bedoeld as in koart yntermezzo fan "Galileos" dat de ballad- en hardrockdielen fan it nûmer mei-inoar ferbûn.
Oer de fideoclip
De fideo iepenet mei in byld fan de fjouwer bandleden dy 't yn rútformaasje stean mei de holle achteroer kantele yn it hast tsjuster wylst se it a capella-diel sjonge. De ljochten en opnamen sitte yn in close-up fan Mercury. Dêrnei stean se noch ien kear op it poadium by it hardrock segmint.
Muzikanten
- Freddie Mercury – Sang & Piano
- Brian May – Gitaar
- John Deacon - Bas
- Roger Taylor – Drums