Bogense | ||
Østergade | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
Gemeente | Nordfyn | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.074 (2023) | |
Oar | ||
Postkoade | 5400 Bogense | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Koördinaten | 55° 34'N 10° 5'E | |
Offisjele webside | ||
www.nordfynskommune.dk | ||
Kaart | ||
Bogense is in stêd mei 4.074 ynwenners (2023) oan it Kattegat op it Deenske eilân Fún. Sûnt de herfoarmings fan 1 jannewaris 2007 is Bogense it haadplak fan 'e gemeente Nordfyn yn 'e regio Súd-Denemark.
Skiednis
Bogense ûntstie om 1200 hinne as hannelsplak by in oerset mei Jutlân. Yn it jier 1288 krige it plak merkrjochten fan 'e Deenske kening Erik VI Menved.
It stedsje fertsjinne syn jild fral mei de oerset en de útfier fan lânbouprodukten út it efterlân. Yn 'e 16e iuw wie Bogense in grutte en rike hannelsstêd woarn, mar yn 1575 baarnde de hiele stêd ôf. Alhoewol't Bogense ferskate privileezjes hie fan Deenske kenings, kaam de âlde wolfeart net werom. Ferskillende kearen waard Bogense fan 'e pest besocht en ek in lange krisis yn 'e 17e iuw feroarsake de delgong fan Bogense ta de lytste hannelsstêd fan Fún. Yn 1672 hie it plak noch mar 438 ynwenners.
De 19e iuw makke it wer wat fleuriger en yn 'e jierren 1830-1844 waard in nije haven oanlein, dy't yn 1874 en 1894 útwreide waard. De haven brocht wer hannel en der kaam in skipswerf en wat lytsere fabriken, alhoewol't der fan yndustrialisaasje gjin sprake wie. It fear, dat al sûnt de 17e iuw allinne noch fan lokaal belang wie, waard lykwols yn 1854 opheft. Yn 1882 krige Bogense in spoarferbining mei Odense en yn 1911 ek in spoarferbining nei Brenderup. Beide ferbinings binne yn 1966 opheft.
Ek yn 'e 20e iuw bleau Bogense de lytste stêd fan Fún. Mei't de stêd fier fan de belangrykste diken leit, woeks it ynwennertal mar stadich.
Fral de tsjinstesektor soarget hjoed-de-dei foar wurk yn Bogense. Mei de gemeentlike herfoarmings fan 2007 waard Bogense it haadplak fan 'e nije gemeente Nordfyn en dêrmei waard de tsjinstesektor namste sterker. Hjoeddedei is Bogense in lytse stêd dêr't in soad toeristen ferbliuwe. Bogense hat in grut oanbod fan fakânsjehûzen, der binne trije campings en Bogense hat de grutste jachthaven fan Fyn.
It besjen wurdich
Oan de âlde haadwei fan 'e stêd, de Adelgade, steane ferskillende monuminten, lykas de brouwerij op nû. 44, mei goatyske ferwulften yn 'e kelder en 15e-iuwske boufragminten. Ek it neamen wurdich binne de gebouwen fan nû. 1, 54 en 56.
Op en oan it Torvet (plein) stiet in âlde houten wetterpomp en ien fan 'e lytste hûzen fan Denemark mei in oerflak fan mar 23 m². Dêr stiet ek de eardere skoalle fan Bogense út 1853. 'Den Gamle Købmandsgård' oan 'e Østergade is in âlde keapmanspleats fan fakwurk út de 17e iuw. It gebou waard nei de brân yn 2007 restaurearre. Ien fan 'e âldste gebouwen fan Bogense is 'Erik Menveds Kro' oan 'e Østergade, in renêssânse gebou fan fakwurk út 1543.
De Nikolaastsjerke is fan oarsprong in romaansk gebouw en is letter nei it westen ta fergrutte. Yn it tiidrek 1400-1450 waard der stâl jûn oan it hjoeddeiske oansjen fan it gebou. Doe waard der oan de eastlike kant in toer oanboud mei in achthoekige spits en de tsjerke krige in dwersskip. Foar seelju wie de toer lange tiid in beaken. It 16e-iuwske alter fan de tsjerke (1588), in romaansk doopvont, de preekstoel mei houtsnijwurk út 1604 en in grut krúsbyld, dat oan de eastlike muorre fan de súdlike krúsearm hinget, binne de wichtichste keunstwurken fan de tsjerke.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bogense fan Wikimedia Commons. |