Boete fan Jamnes en Mambres | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | ûnbekend (ferlern gien) | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend (ferlern gien) |
De Boete fan Jamnes en Mambres is in ferlern giene, algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It wie in pseudepigrafysk geskrift ûnder de nammen fan Jamnes en Mambres, de tradisjonele nammen foar de beide tsjoenders yn 'e tsjinst fan 'e Egyptyske farao, dy't neffens it bibelboek Exodus (wêryn't se trouwens nammeleas bliuwe) de Israelityske foaroanman Mozes útdagen om sjen te litten wa't de grutste tsjoenderskrêften hie, hy of harren. (Neffens Exodus wûn Mozes dat, om't syn krêft net op tsjoenderij basearre wie, mar streekrjocht fan God kaam.)
Dizze tekst wurdt neamd yn ferskate oare geskriften út 'e Aldheid, lykas it Decretum Gelasianum, dat it it Berou fan Jannes en Jambres neamt. It hat wol kâns dat it ien en deselde tekst is as it Geheime Boek fan Jannes en Jambres.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |