boereswel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeswelfûgels (Hirundinidae)
skaaiboereswellen (Hirundo)
soarte
Hirundo rustica
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


De boereswel of it boeresweltsje (Hirundo rustica) is in lytse trekfûgel, dy't by't maaitiid nei it noarden giet. Lykas alle swellen, hat ek de boereswel in sierlike flecht. De lange flerken en it ranke liif binne syn wapens yn de jacht op ynsekten. De lange útstekkende bûtenste sturtfearren binne yn de flecht faak goed te sjen. De boereswel is fan de hússwel te ûnderskieden troch it wat krêmeftige ûnderliif, dêr't de hússwel in wyt ûnderliif hat. De boereswel sit gereld yn groepkes op triedden. De hússwel sit allinne foar it sammeljen fan nêstmateriaal op de grûn.

Oare namme

De Boereswel wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Boeresweal.

Boereswel
in Nederlandsche Vogelen,
Vol. 1 (1770)
Hirundo rustica

Uterlik

De boereswel hat in lingte fan likernôch 19 sm, de sturt meirekkene. Dy sturt is foarkefoarmich, mei lange bûtenste sturtfearren. Oan de boppekant is de fûgel glânzjend blau, ûnder krêmkleurich wyt; syn foarholle en kiel binne read-brûn, de kropbân is blauswart en de snaffel is swart.

Biotoop

De boereswel hat in foarkar foar agraryske gebieten, mar komt ek foar oan de râne fan stêden en doarpen. Boereswellen briede meast yn skuorren en loadsen en ûnder brêgen. Fan natuere brûkten se kliffen en grotten as briedplak.

Ferspriedingsgebiet

De boereswel briedt fan Ynje oant Yslân. Ek yn Noard-Amearika komt er foar. De Europeeske boereswellen oerwinterje yn Afrika, de Amerikaanske yn Súd-Amearika. Yn Nederlân is it in algemiene briedfûgel op it plattelân.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.