Boerekofje [1], wie in waarme alkoholyske drank dy 't yn Fryslân dronken waard. De drank bestiet út waarm bier, kofje, smaakmakkers lykas kaniel en nútmuskaat, en as lêste sûker of kandij. Ek waarden der rauwe aaien of aaidjerren trochhinne slein foardat de drank ferwaarme waard. [2] Blom fan moal waard ek wol as bynmiddel brûkt. [3] Somtiden waard brandewyn, bearenburch of konjak tafoege. De drank is in fariant fan hyt bier (hait bier), dat yn Grinslân dronken waard, mar der siet gjin kofje yn. Yn Dútslân wurdt dizze drank eierbier neamd.

De basis foar de drank wie in brune bierfariant út Grinslân, klúnbier, of soartgelikense bieren út Fryslân.

It drinken fan boerekofje rekke om 1910 hinne yn ûnbrûk, nei alle gedachten omdat it oarspronklike donkere bier net mear broud waard. Resepten fan de drank wurde lykwols noch hieltyd publisearre; it oarspronklike bier wurdt no ferfongen troch bockbier of oare donkere biersoarten.

It bier waard winterdeis in soad servearre yn wetterherbergen, dy 't ek wol iisherbergen neamd waarden. By in Alvestêdetocht yn 1809 waarden de riders Pals Andrise en Pals Geerts nei oankomst yn Snits yn de herberch fan Hospes Bouwe op boerekofje traktearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Boerenkoffie.

  1. Boerekofje
  2. Recept: Boerenkoffie Fries1
  3. Aly, Knol, "Sipelsomp mei sûrestip", Het vrije volk, 06-02-1976
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.