Boelo Luitjen Tijdens
politikus
nasjonaliteitNederlânsk
bertedatum7 oktober 1858
stjerdatum28 maaie 1904 (46 jier)
reg. identiteitGrinslanner
partijLiberalen
Twadde Keamerlid
amtsperioade1891-1901

Boelo Luitjen Tijdens (Nieuw-Beerta, 7 oktober 1858 – dêre, 28 maaie 1904) wie in Nederlânske heareboer en politikus.

Tijdens wie in soan fan Jan Jacobs Tijdens en Lucretia Boerema. Hy waard opbrocht yn in lânbouwersgesin en behearde letter de famyljepleats yn Nij-Beerta.[1] Hy boaske yn 1881 oan Jantje Geessiena Ebbens (1857-1918). Fan 1891 oant 1901 wie Tijdens lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar it kiesdistrikt Wynskoat. Boer Tijdens krewearre yn de Keamer foar it beskermjen fan de Grinslanner lânbou.[2]

Tijdens rjochte in 1892 de Vereniging ter bevordering van de kanalisatie van Westerwolde op. Yn dat ramt waard yn 1905, in jier nei it ferstjerren fan Tijdens, útein set mei de oanlis fan in kanaal fan Nijeskâns nei Veelerveen, it B.L. Tijdenskanaal. Letter waarden it Ruiten-Aa-kanaal en it Mussel-Aa-kanaal noch oanlein.

Yn 1913 waard by de Vriescheloostersluis in betinknulle oprjochte ta oantins fan Tijdens. It monumint waard makke troch stienhouwer Johan Holsbergen.

Fotogalery

Literatuer

  • Freerk Reinder Elema Gzn., ‘Boelo Luitjen Tijdens’, yn: Sibbe. Maandblad van het Nederlandsch Verbond voor Sibbekunde 4 (1944), s. 264-276
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Boelo Luitjen Tijdens, redder in de nood", De verhalen van Groningen.
  2. B.L. Tijdens, Parlement.com
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.