Boekdata binne gegevens oer in boek, bygelyks gegevens oer de foarm of de ynhâld fan in boek, lykas it tal siden of tal en aard fan de yn it boek foarkommende yllustraasjes.
Ek oare aspekten fan it boek, sa as de auteur of de troch de útjouwer fêststelde ferkeappriis fan it boek, wurde ta de boekdata rekkene. Boekdata wurde yn Nederlân gearstald en sammele troch ferskate ynstellings, lykas it Ynternasjonaal Standert Boeknûmer ISBN-buro, de Keninklike Bibleteek en de Stifting boek.nl. Goede boekdata binne tige wichtich foar it opsykjen fan boeken yn boekhannel en bibleteek. Yn Nederlân wurdt de wichtige ynternasjonale ONIX-standert foar boekdata (mei mear as 400 boekgegevens de boektitel) promoate troch editeur.nl en it ISBN-buro.
Eksterne links
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.