De Bloedbrulloft
algemiene gegevens
oarspr. titelBodas de Sangre
auteurFederico García Lorca
taalSpaansk
foarmtoanielstik
sjenretrageedzje
skreaun1932
1e opfiering1933, Madrid
rige
rigePlattelânstrilogy
oersetting nei it Frysk
Fryske titelDe Bloedbrulloft
publikaasje19??, Aldemardum
útjouwereigen behear
oersetterKlaas Bruinsma

De Bloedbrulloft, yn it oarspronklike Spaansk Bodas de Sangre, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e fermoarde Spaanske toanielskriuwer en dichter Federico García Lorca (1898-1936). It is ien fan syn meast ferneamde stikken en foarmet yn 'e mande mei It Hûs fan Bernarda Alba en Yerma syn offisjeuze "Plattelânstrilogy". García Lorca skreau De Bloedbrulloft yn 1932 en it waard foar it earst opfierd yn Madrid yn maart 1933, en letter dat jiers yn it Argentynske Buenos Aires. De trageedzje is ferskate kearen adaptearre ta oare media, wêrûnder film, tillefyzje en opera, benammen yn it Spaansk en it Ingelsk (Blood Wedding), mar der besteane ek operaferzjes fan yn it Hongaarsk (Vérnász), Dútsk (Die Bluthochzeit) en it Haïtiaansk-Kreoalsk (Le Maryaj Lenglensou, produsearre troch de Nederlanner Hans Fels, yn 2006). It stik waard nei it Frysk ta oerbrocht troch oersetter Klaas Bruinsma.

Ynhâld

Der is in brulloft op hannen tusken de Breid en de Brêgeman. De Breid hat earder wat hân mei in man dy't fan Leonardo Felix hjit (it iennichste personaazje mei in namme yn it hiele stik), en de Mem (fan 'e Brêgeman) rekket alhiel op ien ein as hja dat heard, mei't it de Felixen wiene dy't in stikmannich jierren lyn har man deadien hawwe. Leonardo is ûnderwilens mei in oare Frou troud, en hja hawwe jonkje krigen, mar it is net in lokkich houlik, en Leonarde langet noch altiten werom nei de Breid. As hy te hearren kriget dat hja op it punt stiet om mei in oar te trouwen, rekket er wakker oerstjoer. De Breid wennet noch by har Heit, in widner, yn. Fan har Tsjinstfaam heart sy dat Leonardo nachts op harren hiem komt om nei har rút te stoarjen.

Op 'e moarn fan 'e troudei docht Leonardo einlings mear as allinne mar stoarje: hy sprekt de Breid oan en fertelt har fan syn baarnende hertstocht foar har. De Breid besiket him stil te krijen, mar kin har eigen gefoelens foar him net ûntstride. As de Tsjinstfaam Leonardo fuortjaget, giet de trouwerij lykwols oan. Breid en Brêgeman sette mei alle gasten, wêrûnder ek Leonardo en syn Frou, ôf nei tsjerke. Nei't dêr it houlik sletten is, keart it hiele selskip werom nei it hûs fan 'e Breid en har Heit, dêr't de Breid har weromlûkt yn har keamer, mei't se wurch is. As der letter in tradisjonele houliksdûns útfierd wurde moat, siket men om har, mar se is nearne te finen. Leonardo syn Frou ropt út dat Leonardo en de Breid mei-inoar útnaaid binne. De Heit wegeret dat te leauwen, mar de Brêgeman set poermâl ôf om it pear op te spoaren en Leonardo te fermoardzjen. De Mem fiteret alle gasten oan om mei te sykjen, en it hiele selskip giet út 'e hûs, it tsjuster yn.

Yn 'e bosk, dêr't hja hinne flechte binne, beprate Leonardo en de Breid wat se no sille. Hoewol't se fertard wurde troch harren leafde foarinoar, is it dúdlik dat se tegearre gjin reälistyske takomst hawwe kinne. De Dea, yn 'e momkape fan in âlde biddelster, ferskynt oan 'e Brêgeman en biedt oan om him nei Leonardo en de Breid ta te lieden. De Brêgeman giet mei har, net begripend wat dat ynhâldt. As hja fuotstappen neieroan kommen heart, smeket de Breid Leonardo om út te naaien, mar dy wegeret. Ynstee set er derop ta. Twa gjalpen wurde heard, en dan ferskynt de Dea, dy't fertelt dat de beide mannen inoar fermoarde hawwe. Oan 'e ein fan it stik komt de Breid allinnich werom út 'e bosk, har wite troujurk besmodzge mei it bloed fan har beide frijers. De ymplikaasje is dat de Mem (fan 'e Brêgeman) har neitiid deadzje lit om 'e eare fan 'e famylje skjin te waskjen, mar dat falt bûten it toanielstik. (Yn guon opfierings wurdt der lykwols fan útgien dat de Breid yn 't libben bliuwe mei om't foar har te libjen mei de pine en it fertriet fan 'e dea fan har frijers in slimmere straf is as om stjerre te moatten.)

Fryske oersetting

Bodas de Sangre is ûnder de titel De Bloedbrulloft nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't fral bekend is om syn ferfrysking fan û.m. Homêros syn Ilias en Odyssee. It waard yn in boekje fan 61 siden yn eigen behear útjûn, al waard dêrby neffens de gegevens yn it digitaal argyf fan Tresoar gjin jier oanjûn. Wol wurdt der oantsjut dat der in bewurking fan makke is troch Pieter Stellingwerf en Ytsje Hettinga, dat it moat grif ris in kear opfierd wêze. Bruinsma syn oersetting is yn te sjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. 10851 fr folio.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • García Lorca, Federico, De Bloedbrulloft: Trageedzje yn Trije Bedriuwen en Sân Taferielen (oers. Klaas Bruinsma), Aldemardum, sûnder jier (eigen behear), Tresoar: oanfraachnû. 10851 fr folio.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.