Boartersguodmuseum De Boerepleats sit oan it Krompaad yn Ychtenbrêge.
in grut diel fan de kolleksje bestiet út poppen. De âldste poppen binne fan ± 1885 en begjin 20e iuw en binne ûnder oare fan it merk Wildebras, Schildpad en Bruno Schmidt en Walterhausen. De poppesamling is restaurearre en etalearre. Poppedokter Lieneke Helmantel hat yn Ljouwert in restauraasjeatelier foar poppen en Nannie Kramer is meiwurkster fan it Frysk Museum yn Ljouwert.
Fierders is der in samling foto- en filmmateriaal, wêrûnder ien fan de earste filmprojektors dy 't yn bioskopen brûkt waarden. Der binne teater- en kermisapparaten te finen lykas in ape-orkest. De sfear wurdt mei bepaald troch in wand mei printen fan ynkleure ansichtkaarten út begjin 20e iuw en der hingje útfergrutte knipte silûetten fan bygelyks de karakters Ot en Sien.
Studinten fan ROC Friese Poort hawwe in treinbaan boud, mei ridende lokomotiven en treinstellen nei 19e-iuwsk ûntwerp.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |