Blinefuotbal, ek wol Fuotbal (5 tsjin 5) en football 5-a-side neamd, is ien fan de sporten dy't op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stiet. It wurd spile troch in team fan fisueel beheinde fuotballers en in doelman, dy't wol sjen kin.
Regels
Elts team bestiet út fiif spilers. Der jilde deselde regels as by it reguliere fuotbal, op in inkele ôfwiking nei. It team hat ek twa coaches dy't de spilers assisteare by it bepalen fan harren posysje. Ien dêrfan stiet meastentiids efter it doel fan de tsjinstanner om oanwizings te jaan wannear't de spilers op it doel sjitte.
Ofwikende regels:
- Yn de bal binne beltsjes ferwurke sadat de spilers de posysje fan de bal hearre kinne.
- Alle spilers brûke in blindearre skybril om har eagen folslein te bedekken.
- It fjild is lytser (38 oant 42 meter by 18 oant 22 meter) en it doel is ek lytser (3 by 2 meter).
- It fjild hat oan de sydkânten in boarding, sadat de bal der nea út komme kin.
- De doelman hat mar in beheinde romte foar syn doel, dêr't er yn bliuwe moat.
- De doelman mei wol sjen en mei ek oanwizings jaan.
- Der is gjin bûtenspul.
- In wedstriid bestiet út twa spylhelten fan elts 25 minuten.
Klasifikaasje
De fuotballers binne fisueel beheind en falle yn de offisjele klassifikaasje B1, B2 as B3.
Skiednis
De sport stiet sûnt 2004 op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen.
Medaljes
Edysje | |||
---|---|---|---|
Atene 2004 | BRA | ARG | ESP |
Peking 2008 | BRA | CHN | ARG |
Londen 2012 | BRA | FRA | ESP |
Rio de Janeiro 2016 | BRA | IRI | ARG |
Tokio 2020 | BRA | ARG | MAR |
Parys 2024 |
Dielnimmende lannen
Sjoch ek
Keppeling om utens
Blinefuotbal op de Paralympyske Simmerspullen | ||
---|---|---|
Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | ||
wizigje |
Sport op de Paralympyske Simmerspullen | |
---|---|
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis | |
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen | |
wizigje |