Blessum | ||
Sicht op Blessum | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân Fryslân | |
Gemeente | De Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 75 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 2,65 km², wêrfan: - lân: 2,62 km² - wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 27 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9032-9033 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 10' N 5° 42' E | |
Offisjele webside | ||
blessum.info | ||
Kaart | ||
Blessum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke. Blessum leit noardlik fan Hilaard, súdeastlik fan Dronryp, westlik fan Boksum en súdwestlik fan Deinum. De doarpskearn fan Blessum leit om de Marijetsjerke midden yn it doarp.
Blessum hat 75 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
Al yn de 9e iuw moat der bewenning op it stee fan it Blessum west ha. Ut dy tiid is in gouden pinkring fûn, mei in gravuere fan it Laam Gods. Blessum sels is bewesten de Middelsee yn de iere midsiuwen ûntstien. It doarp wurdt om 1250 as Blesingum neamd.
It âldste hûs fan Blessum stiet oan de Buorren 6. De skuorre fan de pleats foar de tsjerke oer oan de Buorren 3 [3] hat it heechste dak fan alle pleatsen yn Fryslân. Yn it haventsje leinen yn it begjin fan de 20e iuw de skûtsjes oan om turf te bringen en terpierde yn te laden, want ek de Blessumer terp is foar it grutste part ôfgroeven. Sintraal punt oan de Buorren foarmet de doarpspomp tusken Buorren 8 en Buorren 6. Al generaasjes steane de linebeammen yn de Buorren en om de tsjerke, ûnderhâlden troch de Blessumers. It ferhaal yn it boek 'De sûnde fan Haitze Holwerda' fan Ulbe van Houten spile op de pleats Terphûs oan de Blessumerdyk yn Blessum.
De greiden besuden en bewesten it doarp wurde noch altiten troch de slinken fan de eardere Middelsee trochsnien. Iuwenâlde tsjerkepaden rinne fan Blessum nei de doarpen Boksum en Deinum, mar it paad nei Hilaard is ferdwûn. Oant de jierren 1970 wurken de measte ynwenners fan Blessum op de seis pleatsen yn en om it doarp. Troch de meganisaasje sochten de arbeiders oars om wurk en minsken fan bûten ûntdutsen it doarpke oan 'e ein fan de Blessumerdyk.
Sûnt 2018 leit Blessum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Menameradiel.
Tsjerken
- De Wikipedy hat ek in side Mariatsjerke (Blessum).
De oan Marije wijde tsjerke fan Blessum is fan omtrint 1250. Yn alle gefallen binne de âldste fûneminten om 1250 hinne troch muontsen makke. Yn it ynterieur falle de skilderde draperyen om it oargelfront op. Ek it oargel út 1659 is tige bysûnder en hielendal restaurearre. De súdlike gevel is foar it grutste part fernijd en hat grutte rûnbôgefinsters. De mânske toer hat wierskynlik noch in kearn út de 13e of iere 14e iuw, mar hy krige yn 1879 in ommitseling en der waard in ynsnuorre toerspits op set. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinne de tsjerke as skûlplak foar ûnderdûkers en de toer om sjen as der Dútsers kamen.
Fan 1600 oant 1821 hie Blessum ek noch in skûltsjerkje foar de mennisten yn it hûs fan de Buorren 10, dêr't ek mennisten út Boksum hinne gyngen.
States
By Blessum hawwe twa states stien:
Oan de oprydleane tichtby de tsjerke steane twa homeiepeallen mei de namme Ringiastate. It paad liedt nei it stee dêr't ea Ringiastate stie. De earste bewenner wie Doeke Rinia. Yn 1469 wie hy rjochter yn it gebiet. De lêste Rinia fan Blessum wie Haye. Om 1570 kaam de state troch houlik en fererving yn besit fan de famyljes Bouritius en Fan Glinstra. Epeus fan Glinstra, griffier fan it Hof fan Fryslân (en boaske oan dichteresse Eelkje fan Bouricius), brûkte de state yn de simmermoannen as 'twadde wente'. Hûs en hof binne yn 1832 ôfbrutsen.
- Wismastate
Wismastate wie stamslot fan de Wissema's, it stie krekt besuden Blessum op in terp. Oan de súdkant de yn de 18e iuw sloopte Wismastate dêr't de stinzepoarte fan oant 1809 noch bestie, en oan de westkant de Ringiastate, in state út de 15e iuw yn de foarm fan in steatlike pleats dy't ek platsmiten waard. Yn 1809 is ek it poartegebou ôfbrutsen. Yn de tsjerke fan Blessum leit in grêfstien fan ien fan de Wissema's, Jan (1558-1616). Hy troude mei Lisck, dochter fan Doeke fan Eminga, abbekaat oan it Hof fan Fryslân.
Op beide stateterreinen binne nije pleatsen boud. Op it terrein fan Ringiastate barde dat yn 1823. Oan de kant fan de Buorren is in âldere herinnering oan de state bewarre bleaun. It binne homeiepeallen út de iere 18e iuw. De fjouwerkante groeve pylders binne kanneleard en drage byldhoude fazen yn barokfoarmen. De Buorren binne earder beseame west mei liedlinebeammen. Dizzen binne troch oare beammen ferfongen, mar om it tsjerkhôf steane noch wol liedlinebeammen.
Mienskip
It doarp is sà lyts, dat de tsjerke tagelyk ek doarpshûs is. Doarpsbelang Blessum set him yn foar de leefberens fan it doarp. De tradisjonele skelnamme foar in Blessumer is 'ielreager' of 'baarch yn 'e beam'.[4]
Tsjerke
Feriening(s)
Befolkingsferrin
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 169 | 132 | 119 | 134 | 118 | 125 | 90 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners | 87 | 80 |
Berne
- Hector Livius fan Altena (1741-1806), bestjoerder.
- Yme Wiedema (1880-1936), skriuwer.
Ynfrastruktuer
Noardlik fan Blessum rint de Blessumer Feart, dy't útkomt yn it Van Harinxmakanaal. It âlde haventsje fan Blessum leit oan De Wâl, it ienige sydstrjitsje fan de Buorren. Oer de wei koe en kin it doarp allinnich fanút it easten oer de Blessumerdyk berikt wurde. Yn it noarden is yn 1863 it spoar Ljouwert - Harns komd en yn it lêste fearn fan de 20e iuw de Westergoawei mei ferkearspleinen, eastlik fan it doarp.
Strjitten
Blessumerdyk, Buorren, De Wâl, It Súd, Mieddyk.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|