Blekinge | |||||||
Lânskip | |||||||
| |||||||
| |||||||
| |||||||
| |||||||
| |||||||
| |||||||
|
Blekinge is in lânskip yn Götaland yn it súdeasten fan Sweden. It is wat oerflak oanbelanget it twadlytste lânskip fan it lân (allinnich Öland is lytser) en hat krapoan 160.000 ynwenners. Blekinge grinzget oan Skåne, Småland en de Baltyske See.
De lânskippen fan Sweden hawwe gjin bestjoerlike funksje, mar it gebiet dat Blekinge beslacht komt wol eksakt oerien mei dat fan de provinsje Blekinge län.
Skiednis
Blekinge wie ynearsten diel fan Denemarken. Mei Skåne en Halland foarme Blekinge it eastlike part fan it Deenske keninkryk. Yn 1658 waard de Frede fan Roskilde sletten. Blekinge waard doe mei Skåne en Halland ôfstien oan Sweden.
Blekinge hat in tal histoaryske stêden (tusken heakjes it jier doe't se stedsrjochten krigen): Karlshamn (1680), Karlskrona, Ronneby (1387) en Sölvesborg (1445).
Besjoch ek
Lânskippen fan Sweden | |
---|---|
Norrland: Gästrikland • Hälsingland • Härjedalen • Jämtland • Lappland • Medelpad • Norrbotten • Västerbotten • Ångermanland |