De Blauwe Moskee fan Mazar-e-Sharif is in 15e-iuwske moskee yn it sintrum fan de stêd Mazar-e-Sharif yn it noarden fan Afganistan. De moskee, dy't reekaam yn 1481, tanket har namme oan de protte kobaltblauwe en turkoaizen tegels dêr't de koepels en minaretten mei beklaaid binne. De moskee wurdt druk besocht troch pylgers.

De moskee wurdt troch sjyityske moslims fereare as de graftombe fan Aly ibn Abû Talyb, de skoansoan fan de profeet Mohammed. De namme fan de stêd hâldt yn "Tombe fan de Ferhevene". Lykwols binne der guons dy't sizze dat Aly ibn Abû Talyb yn de Iraakske stêd Najaf begroeven leit, yn de Imam Alimoskee.

Under de besetting fan de Sovjet-Uny (1979-1989) en de dêrnei folgjende boargeroarloch hat de moskee slim te lijen hân en is swier skansearre rekke.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.