De Blauwe Wimpel is in Britske ûnderskieding foar it passazjierskip dat it fluchst de Atlantyske Oseaan oerstutsen hat. Foar de faazje wurde it Ambrose ljochtskip foar de kust fan New York, en Biskoprots oan de Ingelske súdwestkust as mjitpunten brûkt. Der waard net wier in wimpel trochjûn fan de iene winner nei de oare, mar de ûnderskieding wie it rjocht om in blauwe wimpel te fieren. Sa koe it wêze dat in skip by de oankomst nei de fluchste oerstek daalks in blauwe wimpel toande. Sa'n wimpel wie dan in slach fan lint dat oer de heechste punten fan it skip spand wie. It idee wie dan ek oernaam fan de blauwe linten foar priiswinners, sa't dy yn ferskate lannen takend wurde. Om de selde reden is der by it hurdsilen somtiden ek in blauwe wimpel foar de winner.

Belang

De Blauwe Wimpel wie ynsteld yn de sechtiger jierren fan de 19e iuw troch de skipfeartmaatskippijen sels. Harren belang wie dúdlik: dejinge dy't sizze koe dat er it fluchste skip hie, loek de measte passazjiers, net allinnich foar dat skip, mar ek foar de oare skippen fan de maatskippij. It jildlik belang wie sa grut dat de maatskippijen bij nije skippen der gau by wienen om nije technyken ta te passen. Dêrmei krige de Blauwe Wimpel ek in grut belang foar de skipfeartyndustry, dêr't de striid oansette ta it úttinken en ferbetterjen fan technyken, dy't dan letter ek yn oare skippen tapast wurde koenen. Dit is itselde soart fenomeen as by de nije technyken easke troch de romtefeart, dy't dan letter ek troch oaren tapast wurde kinne.

United States

Mei de opkomst fan de loftferbinings is de lineskipfeart yn de twadde helte fan de 20e iuw weromrûn. De United States waard noch boud mei it doel it fluchste skip ea te bouwen, mar foar lettere skippen gou dat net mear. De United States waard hâlder fan de Blauwe Wimpel, en sil dat ek noch wol in skoftke bliuwe. De Cunard Line hat by de bou fan de Queen Mary 2 bygelyks ynset op lukse, en op de faazje fan de Queen Mary, net op dy fan de United States. De United States is al hast in heale iuw hâlder fan de Blauwe Wimpel, en it liket dat dat net gau mear feroarje sil.

Kroanprins Willem, 1901 (aansichtkaart)

Hales Trofee

Yn 1934 waard troch de Ingelsman Sir Harold Hales in gouden trofee ynsteld foar de fluchste oerstek troch in motorisearre skip. Utsein wat lytse reglemintêre ferskillen wienen de hâlders fan Blauwe Wimpel dêrmei ek hâlders fan Hales Trofee. Hales woe lykwols befoardering fan de meganisaasje, en hie gjin boadskip oan passazjiers. Troch dit ferskil is de United States net langer hâlder fan de trofee: op de ein fan de 20e iuw hawwe in pear Katamarans sûnder passazjierakkomodaasje noch fluggere oerstekken makke. De lêste en fluchste dêrfan wie op 20 july 1998 de Cat-Link V.

Winners fan de Blauwe Wimpel

DeiSkipMaatskippijDoer
27 augustus 1863ScotiaCunard8 dagen, 3 oere
12 desimber 1869City of BrusselsInman7 dagen, 20 oere 33
25 maaie 1872AdriaticWhite Star7 dagen, 23 oere 17
19 jannewaris 1873BalticWhite Star7 dagen, 20 oere 9
7 augustus 1875GermanicWhite Star7 dagen, 23 oere 7
25 septimber 1875City Of BerlinInman7 dagen, 18 oere 2
13 febrewaris 1876GermanicWhite Star7 dagen, 15 oere 17
4 novimber 1876BritannicWhite Star7 dagen, 13 oere 11
13 april 1877GermanicW.Star7 dagen, 11 oere 37
29 july 1879ArizonaGuion7 dagen, 8 oere 11
16 april 1882AlaskaGuion7 dagen, 6 oere 20
5 april 1884OregonGuion7 dagen, 2 oere 18
7 augustus 1885EtruriaCunard6 dagen, 9 oere 0
4 juny 1887UmbriaCunard6 dagen, 4 oere 12
2 juny 1888EtruriaCunard6 dagen, 1 oere 55
8 maaie 1889City of ParisI&I5 dagen, 23 oere 7
5 augustus 1891MajesticWhite Star5 dagen, 18 oere 8
19 augustus 1891TeutonicWhite Star5 dagen, 16 oere 31
27 july 1892City of ParisI&I5 dagen, 15 oere 58
23 augustus 1892City of New YorkI&I5 dagen, 19 oere 57
18 oktober 1892City of ParisI&I5 dagen, 14 oere 24
12 maaie 1893CampaniaCunard5 dagen, 17 oere 27
31 maart 1894LucaniaCunard5 dagen, 8 oere 38
17 augustus 1894CampaniaCunard5 dagen, 9 oere 29
24 maaie 1895LucaniaCunard5 dagen, 11 oere 40
29 novimber 1897Kaiser Wilhelm der GrosseNDL5 dagen, 17 oere 23
12 july 1900DeutschlandHapag5 dagen, 15 oere 46
16 septimber 1902Kronprinz WilhelmNDL5 dagen, 11 oere 57
8 septimber 1903DeutschlandHapag5 dagen, 11 oere 54
20 juny 1904Kaiser Wilhelm IINDL5 dagen, 11 oere 58
10 oktober 1907LusitaniaCunard4 dagen, 19 oere 52
5 desimber 1907MauretaniaCunard4 dagen, 22 oere 33
21 maaie 1908LusitaniaCunard4 dagen, 20 oere 22
8 febrewaris 1909MauretaniaCunard4 dagen, 20 oere 27
12 augustus 1909LusitaniaCunard4 dagen, 16 oere 40
30 septimber 1909MauretaniaCunard4 dagen, 10 oere 51
22 july 1929BremenNDL4 dagen, 17 oere 42
25 maart 1930EuropaNDL4 dagen, 17 oere 6
15 juny 1933BremenNDL4 dagen, 16 oere 15
2 july 1933EuropaNDL4 dagen, 16 oere 48
16 augustus 1933RexItalia4 dagen, 13 oere 58
3 juny 1935NormandieCGT4 dagen, 3 oere 2
24 augustus 1936Queen MaryC-WS4 dagen, 0 oere 27
22 maart 1937NormandieCGT4 dagen, 0 oere 6
8 augustus 1938Queen MaryC-WS3 dagen, 21 oere 48
7 july 1952United StatesUSL3 dagen, 10 oere 40
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.