blaumies | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Cyanistes caeruleus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De blaumies (Cyanistes caeruleus) is in 11 sm grutte sjongfûgel út de famylje fan de miesfûgels (Paridae). De blaumies komt in protte foar yn Jeropa en Aazje.
Oare Fryske nammen
De blaumies wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Blaukopke, Blaumûtske, Blausyske as Kûgelsyske.
Foarkommen
De blaumies is goed wer te kennen, foaral oan syn blauwe krún. Fierder hat er wite wangen mei in swarte eachstreep. De fûgel hat in giele búk en in grienige rêch.
Iten
De blaumies yt sieden en ynsekten.
Fuortplanting
Lykas de measte miezen is de blaumies in hoalebrieder. It wyfke leit 7-12 aaien dy't se allinnich yn sa'n 2 wike útbriedt. De jongen wurde dêrnei noch 15-20 dagen troch beide âlden yn har nêst fuorre foar se útfleane.
Molke
Blaumiezen binne tige nijsgjirrich en leare ek maklik wat nijs oan. Bygelyks is bekend fan blaumiezen dat se fan molkeflessen de doppen stikken makken om by de rjemme op de molke te kommen. Dit keunstke waard foar it earst opmurken yn Southampton yn Grut-Brittanje om 1920 hinne. De blaumiezen joegen dit keunstje troch oan soartgenoaten en yn 1947 waard it in hiel Grut-Brittanje sjoen en ek by miezen yn Nederlân, Sweden en Denemark. Om't de molke tsjintwurdich meast net mear troch de molkboer by de doar set wurde nimt dit ferskynsel de lêste tiid wer ôf.
Taksonomy
De blaumies is fan âlds part fan it skaai Parus. Troch nije ûntwikkelings binne der ornitologen (benammen Amerikanen) dy't de blaumies yn in apart skaai pleatse, nammentlik Cyanistes. De binomiale namme wurdt dan Cyanistes caeruleus.