Blauhúster Puollen
'Blauhúster Puollen
'Blauhúster Puollen
lokaasje
neiste plakAldegea
oare ynformaasje
oerflak65 ha
behearIt Fryske Gea
websideIt Fryske Gea

De Blauhúster Puollen is in natoergebiet fan 65 hektare by Aldegea. It gebiet bestiet út trije boezemmarkes It Fliet, Reidmar en Sipkemar en it eardere bûtlân fan it Tsjesskar.

De Puollen binne, farrend oer it wetter, frij tagonklik en wurde beheard troch It Fryske Gea. It behear bestiet benammen út it safolle mooglik hanthavenjen fan de rêst op it wetter. De greiden wurde net bedonge en let yn it jier meand en ien kear neiweide.

Bysûndere planten binne hjir troch de wetterkwaliteit net folle, it is nammerste geskikter as pleister- en foerazjeargebiet foar wetterfûgels. De smjunt komt hjir in soad, krektas de wintertsjilling, wylde ein en merkel. De wink, dy't yn de omlizzende polders syn freten siket, brûkt de markes as sliepplak. Yn "It Fliet" lizze twa eilantsjes dy't eigendom binne fan partikulieren.
Tusken Reidmar en Sipkemar leit de boezemgreide fan it Tsjesskar. Skriezen en tsjirken brieden hjir earder in soad mar wyls is it boezemlân weisakke.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.