Blauferskowing of (yn it Ingelsk) blueshift is in natuerkundich ferskynsel dat in ferskowing nei de blauwe ein fan it sichtbere spektrum omfiemet (d.w.s. sichtber foar it minklik each). Dit fenomeen komt foar as ljocht in proporsjoneel lytsere weachlingte kriget. As in waarnimmer minder elektromagnetyske strieling sjocht (dy't him bûten it foar minsken sichtbere ljochtspektrum befynt), of as in ljochtútstrieljend objekt him nei de waarnimmer ta beweecht, of as elektromagnetyske strieling in swiertekrêftfjild ynkomt, sil it lykje as sjocht men mear blau.
It tsjinstelde fan blauferskowing is readferskowing of redshift; dat wurdt oer it algemien sjoen as in ljochtútstrieljend objekt him fan 'e waarnimmer ôf beweecht of wannear't elektromagnetyske strieling in swiertekrêftfjild ferlit. Blauferskowing wurdt feroarsake troch it Doppler-effekt, dat ek merkber is yn 'e toan en frekwinsje fan lûdsweagen (bgl. as in âljende sirene him nei jin ta of fan jin ôf beweecht).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|