Black Panther
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurRyan Coogler
produsintKevin Feige
senarioRyan Coogler
Joe Robert Cole
basearre opBlack Panther fan
   Stan Lee en Jack Kirby
kamerarezjyRachel Morrison
muzykLudwig Göransson
filmstudioMarvel Studios
distribúsjeWalt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollenChadwick Boseman
Lupita Nyong'o
byrollenDanai Gurira
Michael B. Jordan
Letitia Wright
Angela Bassett
Martin Freeman
Andy Serkis
Daniel Kaluuya
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre29 jannewaris 2018
foarmlangspylfilm
sjenresuperheldefilm
taalIngelsk (ek Kosa en Koreaansk)
spyltiid134 minuten
budget en resultaten
budget$200 miljoen
opbringst$1.382,2 miljoen
prizen3 × Oscar
Grammy Award
1 × BAFTA
2 × SAG Award
5 × Saturn Award
2 × Satellite Award
filmsearje
filmsearjeMarvel Cinematic Universe
 foarich dielThor: Ragnarok
 folgjend dielAvengers: Infinity War

Black Panther is in Amerikaanske superheldefilm en romantyske dramafilm út 2018 ûnder rezjy fan Ryan Coogler, mei yn 'e haadrollen Chadwick Boseman en Lupita Nyong'o. De titel betsjut "Swarte Panter" en ferwiist nei de superheld dy't de haadpersoan is. It ferhaal folget T'Challa (oftewol Black Panther), de nije kening fan it (fiktive) Afrikaanske steatsje Wakanda, dy't bejeftige is mei boppeminsklike fermogens. Hy moat syn lân beskermje tsjin in boasaardige troanpretindint en tagelyk beslute oft er de geheime rykdom fan Wakanda foar de eigen befolking hâlde sil of dat er de hiele wrâld dermei helpe wol.

Black Panther waard sjoen as baanbrekkend om't it de earste superheldefilm wie mei in hast hielendal swarte cast. Black Panther krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in fenomenaal kommersjeel súkses yn 'e bioskopen as de op ien nei meast opbringende film fan 2018. De film wûn trije Oscars, twa Grammys, in BAFTA, twa Screen Actors Guild Awards, fiif Saturn Awards, twa Satellite Awards en gâns oare prizen. Black Panther heart ta de Marvel Cinematic Universe-filmsearje. De film folget as sadanich op Thor: Ragnarok, út 2017, en wurdt sels folge troch Avengers: Infinity War, út 2018. It direkte ferfolch op Black Panther wie lykwols Black Panther: Wakanda Forever út 2022.

Plot

Tûzenen jierren lyn fierden fiif lânseigen stammen yn Sintraal-Afrika oarloch oer in reuseftige meteoryt dy't yn harren wengebiet ynslein wie. De meteoryt wie makke fan 'fibranium', it sterkste metaal fan 'e wrâld, dat boppedat de biology fan 'e krite beynfloede. Ien kriger naam in 'hertfoarmich krûd' yn wêrfan't de genetyske koade troch fibranium feroare wie en krige dêrtroch boppeminsklike fermogens dy't him ta de earste Black Panther makken. Hy feriene fjouwer fan 'e fiif stammen ûnder syn regear en waard de earste kening fan Wakanda. Inkeld de stamme fan 'e Jabari wiisde syn hearskippij ôf en loek him werom yn 'e bergen.

Troch de iuwen hinne brûkten de Wakandezen harren fibranium om in heech technologyske maatskippij te ûntwikkeljen, dy't ljochtjierren foarlei op dy fan 'e Westerske wrâld. Om't se bang wiene dat, as soks útlekte, útlanners komme soene om harren it fibranium te ûntstellen, isolearren se harsels fan 'e rest fan 'e wrâld en diene se har foar as in stôkearm ûntwikkelingslân mei in maatskippij fan geitehoeders. Se stjoerden spionnen út nei oare lannen om 'e gong fan saken dêr yn 'e rekken te hâlden.

Yn 1992 is prins N'Jobu, de jongere broer fan kening T'Chaka fan Wakanda, ien fan dy spionnen yn Oakland, yn 'e Feriene Steaten, dêr't er him it lot oanlûkt fan 'e earme en marzjinalisearre Afro-Amerikaanske befolking yn 'e binnenstêd. Hy wurdt besocht troch T'Chaka, dy't him derfan beskuldiget dat hy, N'Jobu, Wakanda ferret hat troch de Súdafrikaanske wapenhanneler Ulysses Klaue te helpen om in lytse hoemannichte fibranium út Wakanda te stellen. N'Jobu wol dat guod op 'e ynternasjonale swarte merk ferkeapje om oan jild te kommen wêrmei't er de Afro-Amerikanen bewapenje kin om yn 'e Feriene Steaten in revolúsje te begjinnen. It docht bliken dat de kening syn broer yn 'e gaten hâlde litten hat troch in oare spion, Zuri, fan wa't N'Jobu miende dat it syn bêste freon wie.

Krapoan tritich jier letter komt kening T'Chaka om by in terroristtyske oanslach op it haadkertier fan 'e Feriene Naasjes yn New York, dêr't er krekt op dat stuit in taspraak jout. Syn soan T'Challa keart dêrop werom nei Wakanda om kening foar syn heit yn 't plak te wurden. Hy en generaal Okoye, de de kommandant fan 'e Dora Milaje, in Wakandeeske karkloft dy't folslein út froulike krigers bestiet, reizgje nei West-Afrika om syn eardere minneresse Nakía op te heljen, dy't dêr as spionne dwaande is mei in undercoveroperaasje tsjin in islamistyske terroristyske groep. Sa kin sy, yn 'e mande mei T'Challa syn mem, keninginne Ramonda, en syn sechstjinjierrige suster, prinsesse Shuri, tsjûge wêze fan syn útropping ta kening.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

By de plechtichheid kieze de Rivier-, Mynbou-, Keapljus- en Grinsstammen derfoar om T'Challa net út te daagjen ta in duël foar it keningskip. Unferwachts, lykwols, arrivearret M'Baku, de foaroanman fan 'e Jabari, dy't T'Challa wol útdaget. Yn it dêropfolgjende duël slagget it de foar de gelegenheid fan syn boppeminsklike krêften ûntdiene T'Challa mar mei muoite om M'Baku te ferslaan. Hy kiest derfoar om it libben fan 'e Jabari-lieder te sparjen. Neitiid wurdt er by in fierder ritueel ta kening útroppen.

Underwilens stelle Ulysses Klaue en syn swarte Amerikaanske hantlanger Erik Stevens út in museum yn Londen in Wakandeesk objekt fan rôfkeunst, dat makke blykt te wêzen fan fibranium. It nijs fan it foarfal berikt al rillegau Wakanda, dêr't T'Challa syn freon W'Kabi, de krigerlieder fan 'e Grinsstamme, der bot by de nije kening op oan stiet om Klaue út 'e wei te romjen of him nei Wakanda te heljen om berjochte te wurden. W'Kabi syn âldelju binne nammentlik tritich jier lyn omkommen by Klaue syn eardere dieverij fan fibranium yn Wakanda. T'Challa wiist it oanbod fan W'Kabi om mei him te gean ôf, en nimt ynstee inkeld Nakía en Okoye mei nei Busan, yn Súd-Koreä, dêr't Klaue yn in kasino in moeting opset hat mei in potinsjele keaper fan it fibranium artefakt.

Dy keaper blykt spesjaal agint Everett K. Ross fan 'e CIA te wêzen, dy't krekt as T'Challa dwaande is mei in undercoveroperaasje. De beide teams ride inoar yn 'e tsjillen, mei as gefolch dat Klaue der lucht fan kriget dat it in mûklaach is en fan rutens spilet. Nei in wylde efterfolging slagget it T'Challa en Ross om Klaue te pakken te krijen. Mei tsjinnichheid lit T'Challa ta dat Ross de arrestant ûnderfreget. Klaue bringt oan 'e CIA-agint út dat it earmoedige imago fan Wakanda mar in dekmantel is foar in heech technologyske maatskippij dy't de rest fan 'e wrâld fier foarút is. Ross giet werom nei T'Challa om him dêroer te befreegjen, mar op dat stuit blaze Stevens en de oare hantlangers fan Klaue de bûtenmuorre fan 'e sel derút om him te befrijen. By it fjoergefjocht dat dêrop folget, wurdt Nakía fan in wisse dea rêden troch Ross, dy't yn 'e baan fan 'e kûgel springt en deadlik ferwûne rekket. Ynstee dat er efter Klaue oangiet, bringt T'Challa Ross nei Wakanda ta om syn libben te rêden mei de futuristyske genêskundige technology dy't allinnich dêr foar hannen is.

Wylst prinsesse Shuri, dy't alles fan 'e lêste technology ôfwit, Ross genêst, hat T'Challa in ûnoangename konfrontaasje mei W'Kabi, dy't poerrazen is dat T'Challa Klaue troch syn fingers glûpe litten hat, en noch wol om it libben fan in blanke te rêden! T'Challa siket syn heite spion Zuri op, dy't ûnderwilens opklommen is ta de funksje fan opperhofmaarskalk. Hy hat nammentlik oan ien fan Stevens syn fingers in ring werkend dy't allinne mar droegen wurdt troch leden fan it Keninklik Hûs fan Wakanda. No wol er fan Zuri witte wat der fan syn omke N'Jobu wurden is. Nei't T'Challa him ûnder druk setten hat, fertelt Zuri him oer de konfrontaasje dy't kening T'Chaka yn 1992 yn Oakland hie mei syn broer N'Jobu.

Nei't de kening útbrocht dat er N'Jobu bespionearje litten hie troch Zuri, fan wa't N'Jobu miende dat er syn freon wie, fielde N'Jobu him sa ferret dat er in pistoal loek en Zuri besocht dea te sjitten. Mar T'Chaka beskerme Zuri troch syn eigen broer te deadzjen mei de klauwen fan syn Black Panther-pak. T'Chaka liet Zuri ûnthjitte dat er dêr nea mei immen oer prate soe, en dêrnei ferlieten se halje-trawalje Oakland om werom te kearen nei Wakanda. N'Jobu syn stoflik omskot lieten se efter om fûn te wurden troch de heal-Wakandeeske, heal-Afro-Amerikaanske achtjierrige soan fan 'e prins, N'Jadaka. Dyselde groeide op as in yn 'e steek litten wees yn ien fan 'e gewelddiedichste stêden fan 'e Feriene Steaten, en ûntjoech him letter ûnder de namme Erik Stevens ta in kommando fan 'e Amerikaanske Marine dy't belutsen wie by tsientallen 'swarte operaasjes' yn û.m. Irak en Afganistan.

Underwilens lit Stevens syn wiere aard blike as er Klaue, dy syn hantlangers en syn eigen freondinne Linda fermoardet, wêrnei't er it lyk fan Klaue meinimt nei Wakanda en by W'Kabi bringt. Dyselde seit dêrop ta om Stevens te stypjen by dy syn krewearjen om op 'e troan fan Wakanda te kommen. W'Kabi bringt him foar de stamme-âldsten, dêr't de wiere identiteit fan Stevens bekendmakke wurdt. Stevens daget T'Challa út ta in twakamp om it keningskip, en om't er sûnder mis fan keninklik bloed is, kin T'Challa dat net wegerje. Sûnder de boppeminsklike fermogens dy't er as Black Panther hat, kin T'Challa Stevens, mei syn eftergrûn as kommando, net oer. As opperhofmaarskalk Zuri tuskenbeiden besiket te kommen, deadet Stevens him, en dêrnei smyt er de ferwûne T'Challa oer de râne fan in hûnderten meters hege wetterfal. Neitiid nimt er it hertfoarmich krûd yn om 'e krêften fan Black Panther te krijen en jout dan op gewelddiedige wize befel om alle oare eksimplaren fan dat krûd te ferbaarnen. Mar Nakía glûpt de tunen binnen en nimt ien eksimplaar mei. Stipe troch W'Kabi begjint Stevens fuortendaliks te risselwearjen om mei it stjoeren fan futuristysk Wakandeesk wapenreau oeral op 'e wrâld revolúsjes te feroarsaakjen wêrby't swarte befolkingsgroepen de blanke regearings ûnder fuotten helje kinne.

Nakía, keninginne-mem Ramonda, prinsesse Shuri en de genêzen agint Ross ûntflechtsje de haadstêd fan Wakanda en bejouwe har nei de bergen, yn 'e hope om M'Baku fan 'e Jabari ta tsjinkening út te roppen. By de Jabari fine se lykwols in komateuze T'Challa werom, dy't yn it domein fan 'e Jabari oanspield is. Troch him it hertfoarmich krûd ta te tsjinjen witte Nakía en Ramonda him wer by besleur te bringen.

T'Challa keart werom nei Wakanda, dêr't er Stevens foarhâldt dat harren duël noch net dien is. De beide keningen geane de striid oan yn frijwol identike nanotechnologyske Black Panther-pakken. W'Kabi en de krigers fan 'e Grinsstamme fjochtje oan 'e kant fan Stevens, mar generaal Okoye en de Dora Milaje kieze de kant fan T'Challa. Nakía en prinsesse Shuri reitsje ek yn it gefjocht behelle, sadat it oan agint Ross tafalt om yn holografyske foarm in fleanende skûtel te bestjoeren dy't de earste trije tastellen mei Stevens syn wapenleverânsjes oan board delhelje moat. Dat slagget nauwerneed. As de leden fan 'e Grinsstamme de Dora Milaje troch nûmerike oermacht yn it nau driuwe, ferskine M'Baku en syn Jabari-krigers op it striidtoaniel om 'e kânsen keare te litten. Lang om let jouwe W'Kabi en syn mannen har oer. T'Challa wit einlings Stevens te ferslaan troch him mei in spearpunt fataal te ferwûnjen. Prins N'Jobu hie syn soan ûnthjitten om him ienris in Wakandeeske sinne-ûndergong sjen te litten, dat T'Challa draacht him nei bûten ta, dêr't krekt de sinne ûndergiet. Hy biedt oan om Stevens te genêzen mei de Wakandeeske technology, mar Stevens wegeret en skuort himsels it spearsoerd út it liif, sadat er binnen inkele mominten deabliedt.

Neitiid nimt T'Challa syn suster Shuri mei nei Oakland, dêr't er it fertutearze flatgebou oankocht hat dêr't syn heit tritich jier lyn syn omke deade. Hy is fan doel om der in mienskipssintrum en akademy fan it meitsjen om 'e earme Afro-Amerikaanske befolking fan Oakland te helpen. Sokke sintra moatte der yn alle grutte Amerikaanske stêden komme. Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling ynpast is, sprekt T'Challa as kening fan Wakanda de Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes ta en makket er bekend hoe ûntwikkele oft syn lân eins is.

Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling helpt Shuri Bucky Barnes, de Wintersoldaat (sjoch: Captain America: The Winter Soldier) mei syn genêzing.

Rolferdieling

Chadwick Boseman.
Lupita Nyong'o.
Michael B. Jordan.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                
kening T'Challa / Black Panther Chadwick Boseman
Nakía Lupita Nyong'o


byrollen
personaazje akteur/aktrise
generaal Okoye Danai Gurira
Erik Stevens / prins N'Jadaka Michael B. Jordan
prinsesse Shuri Letitia Wright
keninginne-mem Ramonda Angela Bassett
CIA-agint Everett K. Ross Martin Freeman
Ulysses Klaue Andy Serkis
W'Kabi Daniel Kaluuya
Zuri Forest Whitaker
M'Baku Winston Duke
Linda, freondinne fan Erik Stevens Nabiyah Be
prins N'Jobu Sterling K. Brown
kening T'Chaka fan Wakanda John Kani
de jonge T'Chaka Atandwa Kani
de jonge Zuri Denzel Whitaker
Ayo Florence Kasumba
âldste fan 'e Rivierstamme Isaach de Bankolé
âldste fan 'e Mynboustamme Connie Chiume
âldste fan 'e Keapljusstamme Dorothy Steel
âldste fan 'e Grinsstamme Danny Sapani
Xoliswa, lid fan 'e Dora Milaje Sydelle Noel
lid fan 'e Dora Milaje #1 Marija Abney
lid fan 'e Dora Milaje #2 Janeshia Adams-Ginyard
lid fan 'e Dora Milaje #3 Maria Hippolyte
lid fan 'e Dora Milaje #4 Marie Mouroum
lid fan 'e Dora Milaje #5 Jénel Stevens
lid fan 'e Dora Milaje #6 Zola Williams
lid fan 'e Dora Milaje #7 Christine Hollingsworth
lid fan 'e Dora Milaje #8 Shaunette Renée Wilson
man yn kasino Stan Lee (cameo)

Produksje en distribúsje

Produksje

Fan in film oer Black Panther, in swarte superheld út 'e strips fan Stan Lee en Jack Kirby by útjouwerij Marvel Comics, wie foar it earst sprake yn 1992. Filmstjer Wesley Snipes makke dat jiers bekend dat er de strips ferfilmje woe. Syn projekt rûn lykwols úteinlings op 'e non. Neffens himsels wie ien fan 'e swierrichheden dêr't er tsjinoan rûn, dat minsken dy't ûnbekend wiene mei de strips de namme 'Black Panther' assosjearren mei de Afro-Amerikaanske radikale politike beweging de Black Panther Party, út 'e 1960-er jierren. Neitiid waard troch de jierren hinne út en troch de mooglikheid oppenearre fan in Black Panther-ferfilming, mar it kaam der nea fan.

Sweet Auburn, in wyk fan Atlanta, giet yn Black Panther troch foar it Kalifornyske Oakland.

Pas yn 'e iere 2010-er jierren kaam der skot yn 'e saak. Eleminten út 'e Black Panther-strips, lykas it metaal 'fibranium' en it fiktive Keninkryk Wakanda, waarden stadichoan yntrodusearre yn it trochrinnende ferhaal fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje. Yn oktober 2014 waard de produksje fan Black Panther oankundige. De film waard regissearre troch Ryan Coogler nei in senario fan himsels en Joe Robert Cole. As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de Marvel Studios. Foar de film wie in budget beskikber fan mar leafst $200 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rachel Morrison, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ludwig Göransson.

Opnamen

De opnamen foar Black Panther setten op 21 jannewaris 2017 útein en duorren oant en mei 19 april fan dat jier. Om foar te kommen dat fans of demonstranten cast en crew foar de fuotten rinnen soene, waard de mei opset sin misliedende wurktitel Motherland brûkt. It meastepart fan 'e film waard opnommen yn it studiokompleks Cinespace Atlanta fan EUE/Screen Gems by Atlanta. Guon sênes waarden filme yn 'e Pinewood Atlanta Studios yn Fayetteville, besuden Atlanta.

Der waard ek op lokaasje yn Atlanta filme: yn 'e wyk Sweet Auburn, dy't yn 'e film trochgiet foar Oakland (Kalifornje); yn it High Museum of Art, dat trochgiet foar in museum yn Londen; en yn it Stedhûs fan Atlanta, dat trochgiet foar it haadkertier fan 'e Feriene Naasjes. De sênes út 'e film dy't yn Busan yn Súd-Koreä spylje, waarden dêr ek wier opnommen. By it filmjen fan 'e efterfolging fan Klaue troch Black Panther, Nakía, Okoye en CIA-agint Ross wiene 150 auto's en mear as 700 stuntlju en figuranten belutsen. Ek waarden der hûnderten eardere en hjoeddeistige Súdkoreaanske filmstudinten oannommen as tydlike crewleden. Yn Afrika waarden benammen lânskipsbylden filme yn it Ruwenzoriberchtme en it Untrochkringber Nasjonaal Park Bwindi yn Oeganda, en teffens loftbylden yn Súd-Afrika en Sambia.

De fiktive taal fan Wakanda, it Wakandeesk, dat in protte yn 'e film brûkt wurdt, is frjemd genôch eins Kosa (Xhosa), in taal út Súd-Afrika. It Kosa ûnderskiedt him dúdlik fan 'e Bantoetalen dy't echt yn Sintraal-Afrika sprutsen wurde troch de kliklûden dy't ûntliend binne út 'e Koisantalen fan Súdlik Afrika. Alle akteurs dy't yn 'e film Wakandeesk sprekke, moasten yn 'e lear by in spraakcoach om harren dialooch yn it Kosa korrekt en floeiend út te spreken. Om it ferskil tusken de fjouwer Wakandeeske leechlânstammen en de berchbewenjende Jabari fierder fuort te sterkjen, sprekt Winston Duke, dy't de Jabari-lieder M'Baku spilet, yn 'e film gjin Kosa, mar Ibo, in Bantoetaal út Nigearia.

Yn it High Museum of Art yn Atlanta waard de sêne út Black Panther filme, wêryn't Klaue en Stevens in Wakandeeske rôfkeunstobjekt út in Londensk museum stelle.

Postproduksje

Yn 'e postproduksje waarden de special effects tafoege dy't foar Black Panther skepen wiene troch George Lucas syn bedriuw Industrial Light & Magic (ILM), mei help fan oare special effects-produsinten.

Distribúsje

De distribúsje fan Black Panther waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjedifyzje fan The Walt Disney Company, dy't de eigner is fan 'e Marvel Studios. De film gie op 29 jannewaris 2018 yn it Dolby Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 16 febrewaris yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op dyselde dei by de platemaatskippijen Top Dawg Entertainment, Aftermath Entertainment en Interscope Records. Black Panther kaam op 8 maaie 2018 beskikber as digitale download en waard op 15 maaie fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst

Fan 'e filmkritisy krige Black Panther oer it algemien tige positive resinsjes. Sa waard de film troch Peter Debruge fan it tydskrift Variety omskreaun as "ien fan 'e bêste op harsels steande films fan it Marvel Cinematic Universe", wylst Brian Truitt de film yn 'e krante USA Today kwalifisearre as ien fan 'e bêste oarsprongsferhalen fan 'e Marvel Studios". Yn 'e Chicago Sun-Times neamde Richard Roeper it "ien fan 'e bêste superheldefilms fan 'e iuw". Jamelle Bouie fan Slate skreau dat Black Panther in film fan itselde kaliber wie as Superman (1978), Spider-Man 2 (2004) en The Dark Knight (2008). Peter Travers fan Rolling Stone woe hawwe dat Black Panther oars wie as alle oare Marvel-films: "in útskroevene triomf op elts nivo, foar wat senario oangiet, rezjy, aktearjen, produksje-ûntwerp, kostúms, filmmuzyk, special effects, neam mar op."

Cast en crew fan Black Panther by de promoasje fan 'e film op 'e San Diego Comic-Con fan 2016. F.l.n.rj.: filmprodusint Kevin Feige, regisseur Ryan Coogler en akteurs Lupita Nyong'o, Michael B. Jordan, Danai Gurira en Chadwick Boseman.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Black Panther in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 531 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Black Panther tilt de superheldefilm nei spannende nije hichten en fertelt ien fan 'e meast meislepende ferhalen fan it Marvel Cinematic Universe, wêrby't guon fan 'e meast alsidich reälisearre personaazjes yntrodusearre wurde." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Black Panther in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 55 resinsjes.

Resultaat

Opbringst

Black Panther brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $700,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $681,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.382,2 miljoen, oftewol krapoan $1,4 miljard. Ofset tsjin it budget fan $200 miljoen betsjut dat in winst fan $1.182,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Black Panther de op ien nei meast opbringende film fan 2018, nei Avengers: Infinity War, in oare superheldefilm út 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje. It wie ek de op twa nei meast opbringende superheldefilm aller tiden, it op twa nei meast opbringende diel fan it Marvel Cinematic Universe, en de op acht nei meast opbringende film aller tiden. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst foar Black Panther op $476,8 miljoen.

Prizen

Yn 2019 waard Black Panther by de Oscars nominearre foar prizen yn 7 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste oarspronklike liet (All the Stars), bêste lûdsmontaazje en bêste lûdsmixing. De film wûn 3 Oscars, foar bêste oarspronklike filmmuzyk (Ludwig Göransson), bêste produksje-ûntwerp (Hannah Beachler en Jay Hart) en bêste kostúmûntwerp (Ruth E. Carter). By de Golden Globes waard Black Panther nominearre yn 3 kategoryen: bêste film – drama, bêste oarspronklike filmmuzyk en bêste oarspronklike liet (All the Stars), mar de prizen giene allegearre nei de konkurrinsje. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, wûn Black Panther de priis foar bêste fisuele effekten. De film wûn ek 2 Screen Actors Guild Awards foar bêste cast en bêste groep stuntlju.

In parsekonferinsje ta promoasje fan Black Panther op 'e San Diego Comic-Con fan 2017, mei (sittend fan lofts ôf) filmprodusint Kevin Feige, regisseur Ryan Coogler en ûnderskate leden fan 'e cast.

By de Saturn Awards waard Black Panther nominearre foar prizen yn 14 kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Chadwick Boseman), bêste aktrise (Lupita Nyong'o), bêste byrol fan in akteur (Michael B. Jordan), bêste optreden fan in jongere akteur (Letitia Wright), bêste filmsenario, bêste filmmontaazje, bêste filmmuzyk, bêste kostúmûntwerp en bêste special effects. De film wûn 5 Saturn Awards, foar bêste stripferfilming, bêste regisseur, bêste byrol fan in aktrise (Danai Gurira), bêste produksje-ûntwerp en bêste fisazjy. By de Satellite Awards waard Black Panther nominearre yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste kamerarezjy, bêste oarspronklike liet (All the Stars), bêste lûd, bêste artdirection en produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. De film wûn 2 Satellite Awards, foar bêste regisseur en bêste special effects.

Fierders wûn Black Panther prizen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara. De film waard ek nominearre foar: 12 Critics' Choice Awards (3 wûn), 5 People's Choice Awards (2 wûn), 7 MTV Movie Awards (4 wûn), 11 Teen Choice Awards (3 wûn), 5 Kids' Choice Awards (0 wûn), in Australyske AACTA Award (net wûn), de Nebula Award foar bêste dramatyske presintaasje (net wûn), 15 NAACP Image Awards (9 wûn) en 9 BET Awards (2 wûn).

De soundtrack fan Black Panther waard nominearre foar 8 Grammy Awards en wûn dêrfan 2: bêste rapoptreden (King's Dead fan Kendrick Lamar, Jay Rock, Future en James Blake) en bêste sountrack foar fisuele media (Ludwig Göransson). De soundtrack wûn ek de American Music Award foar favorite soundtrack en de MTV Video Music Award foar bêste special effects yn in fideoclip (All the Stars fan Kendrick Lamar en SZA). Ek wiene der nominaasjes foar de Billboard Music Award foar bêste soundtrack en de Kanadeeske Juno Award foar single fan it jier (Pray for Me fan The Weeknd en Kendrick Lamar).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1  Iron Man (2008) The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) Thor (2011) Captain America: The First Avenger (2011) The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2Iron Man 3 (2013) Thor: The Dark World (2013) Captain America: The Winter Soldier (2014) Guardians of the Galaxy (2014) Avengers: Age of Ultron (2015) Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) Thor: Ragnarok (2017) Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2024) • Blade (2024)
  M.C.U. Phase 6Deadpool 3 (2024) • Fantastic Four (2025) • Avengers: The Kang Dynasty (2025) • Avengers: Secret Wars (2026)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.