Oer de earste biskoppen fan it Prinsbisdom Utert bestiet net folle wissichheid. Willibrord hie syn sit yn Utert as aartsbiskop fan de Friezen, mar in organisearre bisdom Utert skynt pas sûnt Alfrik I (± 776) bestien te hawwen. Yn 795 waard it bisdom Utert suffragaanbisdom fan it aartsbisdom Keulen, en dêrmei wie de tsjerklike yndieling fan de Noardlike Nederlannen foar iuwen fêstlein.
It bisdom Utert
De Stift
Sûnt de 8e iuw krigen de biskoppen fan Utert hieltyd mear wrâldske macht trochdat hja gebieten yn lien krigen fan de Dútske keizer. Yn 1024 krige Adelbold II de greeflike rjochten oer Drinte, wêrtroch't de biskoppen foarsten waarden binnen it Hillige Roomske Ryk. Harren wrâldske gebiet, de Stift Utert, foel úteinlik rûchwei gear mei de hjoeddeiske provinsjes Utert, Oerstift (Oerisel) en Drinte.
Fan 1423 oant 1448 die him it Utertske Skisma foar, wêrtroch't der feitlik twa biskoppen tagelyk wienen. Yn 1528 waard it bisdom sekularisearre, doe't biskop Hindrik II fan Beieren de wrâldske macht ôfstean moast oan Karel V. Dit betsjutte de ein fan de Stift.
Herfoarmings
By de tsjerklike herfoarming fan 1559 waard Utert ta aartsbisdom ferheft. Dit Aartsbisdom Utert hie doe as suffragaanbisdommen de bisdommen Dimter, Haarlim, Ljouwert, Grins en Middelburch. Nei de dea fan aartsbiskop Frederik Schenck van Toutenburch yn 1580 en it ferbod op útoefening fan it katolike leauwen, stelden de Spanjerts al noch twa kear in nije aartsbiskop oan, mar dy libben yn ballingskip. Nei 1602 waard it gebiet fan it aartsbisdom Utert bestjoerd troch in apostolysk fikaris as haad fan de Hollânske Sinding; dizze waard meastal ek ta aartbiskop in partibus infidelium beneamd.
Twa aartbiskoppen
Sûnt it Ald-katolike skisma fan 1723 hat Utert in Ald-katolike aartsbiskop. Der waard sûnt dat jier gjin apostolysk fikaris mear beneamd; as ficesuperior fan de Hollânske sinding waard de nuntius yn Brussel oansteld, sûnt 1829 de internuntius yn De Haach. Yn 1853 kaam it werstel fan de biskoplike hiërargy yn Nederlân. Sûnt dy tiid is Utert sit fan de roomsk-katolike aartsbiskop (metropolyt) fan de Nederlânske tsjerkeprovinsje. Utert is dêrmei it sit fan twa aartsbiskoppen, fan twa katolike tsjerken.
Katedraal
Oer de earste Utertske tsjerkjes dy't as katedraal tsjinst dienen bestiet net folle wissichheid. Fan de 10e iuw oant de Herfoarming hienen de Utertske biskoppen sit yn de Dom, dy't wijd wie oan Sint-Maarten. De hjoeddeiske roomsk-katolike aartsbiskop hat syn sit yn de Sint-Katarinakatedraal, de Ald-katolike aartsbiskop yn de Sint-Gertrudiskatedraal.
Machthawwers
Biskoppen
Namme | Perioade | Opmerkings |
Willibrord | 695 - 739 | Hillige. Aartsbiskop fan de Friezen mei in sit yn Utert. |
Bonifatius | 739 - 754 | Heilige. Aartsbisschop fan de East-Franken. Lieder fan de Utertske tsjerke. Dea dien. |
Wera | 739? - 752 | Unwis. Nei alle gedachten naam er as wijbiskop de lieding fan de Utertske tsjerke waar |
Eoban | 753 - 754 | Unwis. Nei alle gedachten naam er as wijbiskop de lieding fan de Utertske tsjerke waar. |
Gregoarius | 754 - 776 | Hillige. Lieder fan de Utertske tsjerke, mar gjin biskop. |
Alfrik I | sa. 776 - 784 | Hillige. Ek wol Alberik neamd. |
Diederd | ± 784 - ±790 | |
Hamakar | ± 790 - 806 | |
Rikfried | 806 - 815/816 | |
Freark I | 815/816 - 835/837 | Hillige. Fermoarde. |
Alfrik II | 838 - 844 | Ek wol Alberik neamd. |
Einhard | ± 845 | |
Liudger | sa. 848 - ± 854 | |
Hunger | ± 854 - 866 | Hillige. Untflechte Utert |
Alfried | ± 866 - 867/879 | Regearre yn ballingskip. |
Adelbold I | 867/879 - 898 | Ek wol Odilbald neamd. Regearre yn ballingskip. |
Egilbert | 899 | Ek wol neamd Engelbert of Egibold. Regearre yn ballingskip. |
Redbad | 899 - 917 | Hillige. Regearre yn ballingskip. |
Balderik | 918 - 975 | Kaam werom nei Utert. |
Folkmar | 976 - 990 | Ek neamd Poppo. |
Boudewyn I | 990 - 995 | |
Ansfried | 995 - 1010 | Hillige. |
Adelbold II | 1010 - 1026 | Krige as earste biskop greeflike rjochten. |
Bernold | 1027 - 1054 | Hillige. |
Willem I | 1054 - 1076 | |
Koenraad | 1076 - 1099 | Fermoarde. |
Burchard | 1100 - 1112 | |
Godebald | 1114 - 1127 | |
Andries fan Kuik | 1128 - 1139 | |
Hartbert fan Bierum | 1139 - 1150 | |
Herman fan Horne | 1150 - 1156 | |
Godfried fan Renen | 1156 - 1178 | |
Boudewijn II fan Hollân | 1178 - 1196 | |
Arnold I | 1196 - 1197 | |
Durk I fan Hollân (biskop) | 1196 - 1197 | Oant 1197 tsjinbiskop. |
Dirk II fan Are | 1197 - 1212 | |
Otto I fan Gelre | 1212 - 1215 | |
Otto II fan Lippe | 1216 - 1227 | |
Wilbrand fan Aldenboarch | 1227 - 1233 | Oerpleatst fanút Paderborn. |
Otto III fan Hollân | 1233 - 1249 | |
Gozewyn fan Randeraad | 1249 - 1250 | Kandidaat-biskop |
Hindrik I fan Fianden | 1249 - 1267 | |
Jan I fan Nassau | 1268 - 1290 | Elekt. Ofsetten troch Nikolaas IV. |
Jan II fan Sierk | 1291 - 1296 | Oerpleatst nei Toul. |
Willem Berthout | 1296 - 1301 | |
Adolf fan Waldek | 1301 | Kandidaat-biskop. Waard biskop fan Luik. |
Guy fan Avesnes | 1301 - 1317 | |
Freark II fan Sierk | 1317 - 1322 | |
Jakob fan Oudshoorn | 1322 | |
Jan fan Bronkhorst | 1322 | Kandidaat-biskop. |
Jan III fan Diest | 1322 - 1340 | |
Jan fan Bronkhorst | 1341 | Kandidaat-biskop. |
Nicolaas Capoccy | 1341 | Luts him werom. Waard biskop fan Urgel en fan Frascaty. |
Jan IV fan Arkel | 1342 - 1364 | Oerpleatst nei Luik. |
Jan V fan Virneburg | 1364 - 1371 | Oerpleatst fan Münster wei. |
Sweder fan Uterlo | 1371 | Kandidaat-biskop. |
Arnold II fan Horne | 1371 - 1378 | Oerpleatst nei Luik. |
Reinoud fan Vianen | 1378 - 1380 | Tsjinbiskop. |
Floris fan Wevelinkhoven | 1378 - 1393 | Oerpleatst fan Münster wei. |
Freark III fan Blankenheim | 1393 - 1423 | Oerpleatst fan Straatsburch wei. |
Rabanus fan Helmstatt | 1424 - 1425 | Luts him werom. Biskop fan Spiers en letter aartsbiskop fan Trier. |
Sweder fan Kulemboarch | 1423 - 1432 | Oant 1425 tsjinbiskop |
Rudolf fan Diepholt | 1423 - 1455 | Oant 1432 tsjinbiskop |
Walraven fan Meurs | 1434 - 1448 | Tsjinbiskop. Waard biskop fan Münster. |
Gijsbrecht fan Brederode | 1455 - 1456 | Elekt. Ofset. |
David fan Boergonje | 1456 - 1496 | Oerpleatst fan Terwaan wei. |
Engelbert fan Kleef | 1482 - 1483 | Ruwaard. |
Frederik IV fan Baden | 1496 - 1517 | Ofset. |
Filips fvan Boergonje | 1517 - 1524 | |
Hindrik II fan Beieren | 1524 - 1529 | Elekt. Droech de wrâldske macht yn de Stift oer oan Karel V en joech syn sit op. Ek biskop fan Worms en Freising. |
Willem III fan Enckenvoirt | 1529 - 1534 | Kardinaal sûnt 1523. Ek biskop fan Tortosa. |
George fan Egmond | 1534 - 1559 |
Aartsbiskoppen
Namme | Perioade | Opmerkings |
Freark V Schenck fan Toutenburch | 1559 - 1580 | |
Herman fan Rennenberg | 1580 - 1585 | Beneamd, mar net yn funksje komd. |
Jan fan Bruhesen | 1592 - 1600. | Beneamd, mar net yn funksje komd. |
Apostolysk fikarissen
Namme | Perioade | Opmerkings |
Sasbout Vosmeer | 1602 - 1614 | Titulêr aartsbiskop fan Filippi. |
Philippus Rovenius | 1614 - 1651 | Titulêr aartsbiskop fan Filippy. |
Jacobus de la Torre | 1651 - 1661 | Titulêr aartsbiskop fan Efese. |
Boudewijn Catz | 1662 - 1663 | Titulair aartsbiskop fan Filippy. |
Johannes fan Neercassel | 1663 - 1686 | Titulêr biskop fan Kastoarje. |
Petrus Codde | 1688 - 1702 | Titulêr aartsbiskop fan Sebaste. Skorst troch paus Clemens XI. |
Theodorus de Kock | 1702 - 1704 | Gie ôf op fersyk fan Rome. |
Gerhard Potcamp | 1705 | |
Adam Daemen | 1707 - 1717 | Titulêr aartsbiskop fan Adrianopel. Gie ôf. |
Johannes fan Bijlevelt | 1717 - 1727 |
Ald-katolike aartsbiskoppen
Namme | Perioade | Opmerkings |
Cornelius Steenoven | 1723 - 1725 | |
Cornelius Johannes Barchman Wuytiers | 1725 - 1733 | |
Theodorus fan der Croon | 1733 - 1739 | |
Petrus Johannes Meindaerts | 1739 - 1767 | |
Walter fan Nieuwenhuisen | 1768 - 1797 | |
Johannes Jacobus fan Rhijn | 1797 - 1808 | |
Willibrord fan Os | 1814 - 1825 | |
Johannes fan Santen | 1825 - 1858 | |
Henricus Loos | 1858 - 1873 | |
Johannes Heykamp | 1874 - 1892 | |
Gerardus Gul | 1892 - 1920 | |
Franciscus Kenninck | 1920 - 1937 | |
Andreas Rinkel | 1937 - 1970 | |
Marinus Kok | 1970 - 1981 | |
Antonius Jan Glazemaker | 1982 - 1999 | |
Joris Vercammen | Sûnt 2000 |
Ficesuperiores fan de Hollânske Sinding yn Brussel
Namme | Perioade | Opmerkings |
Joseph Spinelly | 1727 - 1731 | |
Vincentius Montalto | 1731 - 1732 | |
Silvester Valenty Gonzaga | 1732 - 1736 | |
Fransiskus Goddard | 1736 - 1737 | |
Lucas Melchior Tempy | 1737 - 1743 | |
Petrus Paulus Testa | 1744 | |
Ignatius Crivelly | 1744 - 1755 | |
Carolus Molinari | 1755 - 1763 | |
Bartholomeus Soffredmi | 1763 | |
Thomas Maria Ghilini | 1763 - 1775 | |
Joannes Antonius Maggiora | 1775 - 1776 | |
Ignatius Busca | 1776 - 1785 | |
Michael Causati | 1785 - 1786 | |
Antonius Felix Zondadari | 1786 - 1790 | |
Caesar di Brancadoro | 1792 - 1794 | |
Ludovicus Ciamberlani | 1794 - 1828 | Bestjoerde fan Münster en Amsterdam út. |
Ficesuperiores fan de Hollânske Sinding yn De Haach
Nammem | Perioade | Opmerkings |
Franciscus Capacciny | 1829 - 1831 | |
Antonius Antonuccy | 1831 - 1841 | |
Innocentius Ferriery | 1841 - 1847 | |
Joannes Zwijsen | 1847 - 1848 | |
Carolus Belgrado | 1848 - 1853 |
Roomsk-katolike aartsbiskoppen
Namme | Perioade | Opmerkings |
Joannes Zwijsen | 1853 - 1868 | Teffens biskop fan De Bosk. |
Andreas Ignatius Schaepman | 1868 - 1882 | |
Petrus Matthias Snickers | 1883 - 1895 | Foarhinne biskop fan Haarlim. |
Henricus fan de Wetering | 1895 - 1929 | |
Joannes Henricus Gerardus Jansen | 1930 - 1936 | |
Johannes de Jong | 1936 - 1955 | Kardinaal sûnt 1946. |
Bernardus Johannes Alfrink | 1955 - 1975 | Kardinaal sûnt 1960. |
Johannes Willebrands | 1975 - 1983 | Kardinaal sûnt 1969. |
Adrianus Johannes Simonis | 1983 - 2007 | Foarhinne biskop fan Rotterdam. Kardinaal sûnt 1985. |
Willem Jacobus Eijk | Sûnt 2008 | Foarhinne biskop fan Grins-Ljouwert. Kardinaal sûnt 2012. |
Boarnen
- De Katholieke Encyclopaedie (Amsterdam, 1938)
- J.E.A.L. Struick Utrecht door de eeuwen heen (Utert / Antwerpen, 1971)
- M.Chr.M. Molenaar / G.A.M. Abbink Dertienhonderd jaar bisdom Utrecht (Baarn, 1995)
- C. Dekker (red.) Geschiedenis van de provincie Utrecht (Utert, 1997)
- R.E. de Bruin e.a. (red.) Een paradijs vol weelde. Geschiedenis van de stad Utrecht (Utert, 2000)