It bisdom Ljouwert is in earder bisdom fan de roomsk-katolike Tsjerke dat fan 1559 oant 1580 bestien hat. Yn syn koarte bestean hat it bisdom Ljouwert mar twa biskoppen kend. Troch fûle tsjinstân fan de befolking hat allinnich Cuneris Petri (1531- 1580) as biskop setele. Dit wie ek allinnich mooglik troch swiere militêre befeiliging fan de troepen fan hartoch fan Alva.
Om dizze destiidske oprjochting fan it bisdom is yn 2006 it bisdom Grins omdoopt ta Grins-Ljouwert. De Bonifatiustsjerke wurdt sjoen as ko-katedraal fan it bisdom.
Biskoppen fan it eardere bisdom Ljouwert
- Remigius Driutius (1561-1569)
- Cuneris Petri (1569-1580)
Jeropeesk Nederlân | Aartsbisdom Utert (metropolitaan aartsbisdom) • Bisdom Breda • Bisdom De Bosk • Bisdom Grins-Ljouwert • Bisdom Haarlim-Amsterdam • Bisdom Roermond • Bisdom Rotterdam • Nederlânsk Militêr Ordinariaat | |
Karibysk Nederlân | Bisdom Willemstêd | |
Eardere bisdommen | Bisdom Dimter • Bisdom Ljouwert • Bisdom Maastricht • Bisdom Middelburch |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.