Bisdom Limburch
Basisgegevens
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
TsjerkeprovinsjeKeulen
KatedraalDom fan Limburch/Lahn
Hiemsidebistumlimburg.de
Skiednis
Oprjochting1827
Hierargy
BiskopGeorg Bätzing
Statistyk
Oerflak6.182 km²
Befolking2.484.000 (2020)
Wêrfan katolyk624.975 (25,2%, 2020)
Dekenaten11 (2019)
Parochy's116 (2019)
Lokaasje bisdom Trier (brún) yn Dútslân
Lokaasje bisdom Trier (brún) yn Dútslân

It bisdom Limburch (Dútsk: Bistum Limburg; Latyn: Dioecesis Limburgensis) is in roomsk-katolyk bisdom yn Dútslân, dat foar in part yn Rynlân-Palts en in part yn Hessen leit.

Skiednis

It bisdom waard nei de sekularisaasje yn it ramt fan 'e reorganisaasje fan 'e bisdommen yn 1827 stifte. Foarhinne hearde it gebiet ta de aartsbisdommen Trier en Mainz, wêrby it noardwestlike diel by Kar-Trier hearde en dus ek foar wat wrâldske saken oanbelanget fanút Trier bestjoerd waard. Bisdom Limburch heart dus by de jonge katolike bisdommen fan Dútslân. De earste Limburger biskop wie fan 1827 oant 1833 Jakob Brand.

It bisdom bestiet út it eardere hartochdom Nassau, de stêd Frankfurt am Main, it lângreefskip Hessen-Homburg en de yn 1974 ophefte lânkring Biedenkopf.

Sûnt 1929 waard it bisdom yn it ramt fan it Prusyske Konkordaat in suffragaan bisdom yn 'e tsjerkeprovinsje Keulen.

Katedraal

Domtsjerke fan Limburch

De katedraal fan it bisdom Limburch is de Sint-Joarisdom yn Limburch oan de Lahn.

Patroanhillige

Sint-Joaris is de patroanhillige fan it bisdom.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Bistum Limburg (ferzje 8 febrewaris 2024)


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.