Streamgebiet fan de Bighorn

De Bighorn is in sydrivier fan de Yellowstone yn it westen fan de Feriene Steaten fan Amearika. De rivier is sa'n 461 kilometers lang en rint troch de steaten Wyoming en Montana.

De rivier krige syn namme yn 1805 fan de bonthanneler François Larocque, dy't dêr in protte Bighornskiep seach doe't er de Yellowstone oan it ûndersykjen wie.

De Little Bighorn rint tichteby de stêd Hardin yn de Bighorn út.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.