Bierbrouwerij Noarder Dragten is in bierbrouwerij yn Drachten en is oprjochte yn 2015 troch Johan de Jong. De brouwerij is oansletten by CRAFT.
Skiednis
Sûnt 2012 waarden al bieren broud troch yn groep freonen, mar de brouwerij waard offisjeel yn 2015 mei útein set. Yn 2020 ferhuze Bierbrouwerij Noarder Dragten nei de hjoeddeistige lokaasje oan de Oosterstraat yn Drachten.
Bierbrouwerij Noarder Dragten hat yn 2021 dielnaam oan de ynternasjonale London Beer Competition. De bieren Bonobo, Quadraap en King Kong waarden elk beleanne mei in Silver Award.
Hjoed
De brouwerij sit yn ien pân mei in brasserij en in proeflokaal yn Onder de Brouwer. Hjir kinne bieren preaun wurde, mar men kin der ek telâne foar in lunch, buorrel of diner. Dêrneist is der de bier- en whiskyspesjaalsaak ‘Apen & Bieren’, mei sa’n 500 ferskillende bieren en 250 whisky's yn it assortimint.
Assortimint
- Resusaap - proefbier: Milkstout en Westcoast IPA
- Bockito - Bockbier
- Gibbon - Blond
- Aapiejee - IPA
- Quadraap - Quadrupel
- Bonobo - Black IPA
- King Kong - Tripel
- 2 Apen - Dubbel
- Wytzen Aap - Weizen
- Witte Aap - Witbier
- Thor Tripel - foar it 100-jierrich jubileum fan S.V. Thor út Lippenhuzen
Bieren yn opdracht