Biënnale fan Feneesje
Biennale di Venezia
plak en tiid
lân Itaalje
aut. regio Feneto
metrop. stêd Feneesje
plak Feneesje
holden ynGiardini
tiid fan it jieraugustus/septimber
bysûnderheden
soarte evenemintkultureel
bestean1895 – no
oprjochtergemeenteried fan Feneesje
org. trochSt. De Biënnale fan Feneesje
offisjele webside
www.labiennale.org

De Biënnale fan Feneesje, oftewol de 'Twajierlikse fan Feneesje' (Italjaansk: Biennale di Venenzia), is in festival op it mêd fan keunst dy't om it jier holden wurdt yn 'e Italjaanske stêd Feneesje. De earste edysje fan it evenemint datearret fan 1895 en waard organisearre troch de gemeenteried fan Feneesje. De hjoeddeistige organisaasje efter it festival, oprjochte yn 1928, neamde himsels yn 2009 om ta de Stifting De Biënnale fan Feneesje (Italjaansk: Fondazione La Biennale di Venezia). It festival fynt yn 'e ienentweintichste iuw plak yn ûneven jierren.

De Biënnale wurdt holden yn 'e Giardini, in park yn Feneesje (de namme betsjut letterlik: "Tunen"). It sintrum fan it keunstfestival is dêr in grutte tentoanstellingsseal. Dêromhinne binne tritich permaninte nasjonale paviljoenen boud, dy't eigendom binne fan 'e dielnimmende lannen en op 'e noed binne fan 'e respektivelike ministearjes fan Kultuer. Lannen dy't net eigner binne fan ien fan 'e paviljoenen krije de gelegenheid om harren keunst te eksposearjen yn museä en keunstgaleryen ferspraat oer hiel Feneesje. Yn 2017 diene der 97 lannen mei oan 'e Biënnale fan Feneesje.

De Stifting De Biënnale fan Feneesje organisearret njonken de eigentlike Biënnale ferskate eveneminten dy't har rjochtsje op oare keunstfoarmen:

  • it Ynternasjonaal Festival fan Feneesje foar Hjoeddeistige Muzyk, ek wol de Muzykbiënnale neamd, bestiet sûnt 1930 en rjochtet him op moderne muzyk. Fynt op jierlikse basis plak yn septimber en/of oktober.
  • it Ynternasjonaal Teäterfestival fan Feneesje, of de Teäterbiënnale, bestiet sûnt 1934 en rjochtet him op teäter. Fynt elts jier yn july en/of augustus plak.
  • it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje bestiet sûnt 1934 en rjochtet him op film as keunstfoarm. Wurdt elts jier holden yn augustus en/of septimber.
  • de Arsjitektuerbiënnale fan Feneesje bestiet sûnt 1980 en rjochtet him op arsjitektuer. Fynt sûnt 2000 plak yn even jierren.
  • it Ynternasjonaal Festival fan Feneesje foar Hjoeddeistige Dûns, of de Dûnsbiënnale, bestiet sûnt 2004 en rjochtet him op dûns. Fynt elts jier yn juny plak (mar fan 2010 oant 2016 om it jier).
  • it Ynternasjonaal Bernekarnaval fan Feneesje bestiet sûnt 2009 en rjochtet him op keunstuterings foar en troch bern. Fynt elts jier plak yn it foarjier ûnder de Karnvavalsfiering yn Feneesje.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.