De bestjoerlike yndieling fan Sweden bestiet hjoeddedei út provinsjes (län en landsting) en gemeenten (kommuner).
Provinsjes
Sweden is opdield yn 21 provinsjes (län) dy't elts bestjoerd wurde troch in fertsjintwurdiger (landshövding) fan de sintrale oerheid. De provinsjes binne benammen dwaande mei it koördinearjen fan lokale oerheden, mar hat ek op inkelde oare mêden ferantwurdlikens.
Op itselde nivo as de provinsjes binne de 20 saneamde sekundêre gemeenten (landsting) mei elts in ferkiesber parlemint (landstingsfullmäktige) dat op syn bar in regear (landstingsstyrelse) kiest. Dizze sekundêre gemeenten binne ferantwurdlik foar saken lykas sûnenssoarch, iepenbier ferfier en romtlike oardening.
Gemeenten
Under de provinsjes binne der 290 primêre gemeenten (kommuner) dy't ferantwurdlik binne foar de measte lokale foarsjennings, wêrûnder skoallen en helptsjinsten. De gemeenten hawwe in keazen gemeenterie dy't in gemeentebestjoer beneamt. De gemeentlike ferkiezings binne om de fjouwer jier en altyd tagelyk mei de nasjonale ferkiezings, op de twadde snein fan septimber.