Beschotenweg | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Weener | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 178 (31 desimber 2017) | |
Oerflak | 15,6 km² | |
Befolkingsticht. | 11 / km² | |
Hichte | 1 meter boppe NAP | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan de gemeente Weener |
Beschotenweg is in Ortsteil fan de Eastfryske stêd Weener yn Nedersaksen. Oant de weryndieling fan 1973 wie it wat oerflak oanbelanget de lytste gemeente fan it Reiderlân.
Skiednis
De Beschotenweg wie in âld, midsiuwsk paad troch it heechfean tusken Weener en Bunde. Yn in oarkunde út it jier 1450 dûkte de omskriuwing am Schoterwege op, dêr't nei alle gedachten dit paad mei bedoeld waard en dat "in opsmiten, ferhege wei" betsjut.
Oant yn 'e midden fan de 17e iuw wie it dêr noch net bewenne, mar nei de oergong fan East-Fryslân oan Prusen, setten om it jier 1800 hinne de earste bewenners har dêr nei wenjen, dy't útein setten mei it turfstekken. Dêrnei waard de grûn foar de lânbou brûkt.
Sûnt it begjin fan de 19e iuw wie de gemeente in selsstannige gemeente. Op 1 jannewaris 1973 waard Beschotenweg by de stêd Weener yndield.
Haadplak: Weener | |
Doarpen: Beschotenweg • Diele • Dielerheide • Halte • Holthusen • Holthuserheide • Kirchborgum • Möhlenwarf • Sankt Georgiwold • Stapelmoor • Stapelmoorerheide • Tichelwarf • Vellage • Weenermoor |