bercheinen | ||
![]() | ||
Tadorna tadorna | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | goes- en hineftigen (Galloanserae) | |
skift: | goeseftigen (Anseriformes) | |
ûnderskift: | echte goeseftigen (Anseres) | |
boppefamylje: | goesfûgels (Anatoidea) | |
famylje: | einfûgels (Anatidae) | |
ûnderfamylje: | bercheinfûgels (Tadorninae) | |
skaai: | bercheinen (Tadorna) | |
Boie, 1822 | ||
Soarten | ||
● T. cana ● T. cristata ● T. ferruginea ● T. tadorna ● T. tadornoides ● T. variegata | ||
Bercheinen (Tadorna) is in fûgelskaai út de famylje einfûgels (Anatidae). It skaai bestiet út seis ferskillende soarten. Ien dêrfan is nei alle gedachten útstoarn.
It is in groep fan gruttere wetterfûgels, dy't ek wol op lân te sjen binne. It skaai komt yn 'e Alde Wrâld en Austraalje foar. Wat de morfology oanbelanget sitte se earne tusken einen en guozzen. It wyfke is by de soarten trochstrings wat ljochter fan it kleur as it jerkje. Se ite fral wringeleaze dierkes, gers en wetterplanten.
Soarten
Jerk ♂ | Wyfke ♀ | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Status |
---|---|---|---|---|
![]() | ![]() | T. tadorna | Berchein | net bedrige |
![]() | ![]() | T. ferruginea | Kasarka | net bedrige |
![]() | ![]() | T. cana | Kaapske kasarka | net bedrige |
![]() | ![]() | T. tadornoides | Australyske berchein | net bedrige |
![]() | ![]() | T. variegata | Paradyskasarka | net bedrige |
![]() | T. cristata | Toefkasarka | mooglik útstoarn | |
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tadorna fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.