berchein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Jerk (l.) en sijke (rj.) fan 'e berchein. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tadorna tadorna | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De berchein (Tadorna tadorna) is in grutte ein, maar dúdlik lytser as in goes. It fearrekleed is bûnt fan kleur en by it hijke en it sijke itselde.
Beskriuwing
De berchein is in 1 oant 1,5 kg swiere, grutte ein fan 55 oant 65 sm lang mei in spanwiidte fan 70 sm by it wyfke en 115 sm by it mantsje. Mantsje en wyfke hawwe alletwa in reade snaffel, mar it mantsje hat der in knobbe op. De kop en de hals binne donkergrien en de fearren binne wyt mei in pear swarte streken. Oer it boarst hast de fûgel in brune bân. De berchein hat irisearjende griene sekundêre slachpinnen en rôze poaten. De measte pearkes binne trou oan inoar, neffens ûndersyk siket mar 2,4% fan bercheinen alle jierren in oare partner.[1] De ein wurdt likernôch 4,5 jier âld, mar de âldste berchein wie 14,5 jier âld, itjinge op basis fan it ringjen mei betrouberens fêststeld wurde koe,.[2]
Iten
De berchein yt slakkeguod, skaaldieren en wjirms, somtiden ek ynsekten en wetterplanten.
Brieden
De berchein mei graach yn in hol briede yn 'e dunen, kwelders, feangreide en oan rivieren. Dêrfoar brûkt er graach in kninehol sadat de stân fan 'e berchein gearhingt mei it tal kninen. It nêst bestiet út 8 oant 12 aaien, dy't troch it sijke útbret wurde. It sijke briedt se yn 28 dagen út en de eine piken kinne nei 8 wiken fleane.
Fersprieding
De berchein is oan 'e kust fan West-Europa in fûgel dy't gauris sjoen wurdt. De ein hat de lêste dessinia syn briedgebiet nei it oanbuorjende binnenlân útwreide. Oan 'e kust fan 'e Middellânske See libbet de fûgel lykwols lokaal. De grutste Nederlânske konsintraasjes fan bercheinen binne te finen yn Seelân, it noarden fan 'e provinsje Noard-Hollân, it Iselmargebiet en it Waadgebiet. It tal briedende bercheinen nimt al sûnt de jierren 1970 ta en ek mear yn it binnenlân lykas op de Fryske en Grinslânske klaai is de berchein hjoed-de-dei in briedfûgel. As it brieden foarby is trekke bercheinen nei de Waadsee om troch de fearren te gean. Ynearsten wie dat fral it Dútske Waadgebiet, mar it tal einen is dêr wat ôfnommen en yn it Nederlânkse Waadgebiet foars tanommen.
It tal Nederlânske briedpearen wurdt troch SOVON op 4900-8200 rûsd (2018-2020), it tal oerwinterjende bercheinen op 41.900-61.400 (2016-2021). De totale populaasje fan 'e berchein waard yn 2015 op 415.000-500.000 folfoeksen fûgels rûsd.
Media
- Berchein
- Berchein mei jongen
- Jongen fan de berchein
- Fleanende jerk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|