Beowulf
algemiene gegevens
oarspr. titelBeowulf
auteuranonimus
taalAldingelsk
foarmpoëzij
sjenreepos
skreaun±850
oersetting nei it Frysk
Fryske titelBeowulf
publikaasje1984, Boalsert
útjouwerKoperative Utjouwerij
oersetterJelle Krol en
Popke van der Zee
ISBN oers.9 06 57 01 397
Dizze side giet oer it Aldingelske epos Beowulf. Foar oare betsjuttings, sjoch: Beowulf (betsjuttingsside).

Beowulf is in Aldingelsk epysk heldedicht út 'e Midsiuwen, besteande út 3182 alliterative regels yn stêfrym, dat skreaun is troch in anonime dichter. It is ien fan 'e wichtichste wurken fan 'e Angelsaksyske literatuer en foarmet in tsiende part fan alle oerlevere poëzij yn it Aldingelsk. It spilet yn Skandinaavje en fertelt it ferhaal fan 'e Geatyske held Beowulf, dy't yn Denemark it meunster Grendel ferslacht. Beowulf hat in kristlik laklaachje, mar is yn 'e grûn dochs noch altiten in Germaansk heidensk helde-epos fan foar de komst fan it kristendom. It waard yn 1984 yn proaza oerset nei it Frysk troch Jelle Krol en Popke van der Zee.

Oarsprong

It is net dúdlik wannear't Beowulf krekt skreaun is, al datearret it iennichst oerlevere hânskrift fan koart foar it jier 1000. It gedicht sels is lykwols âlder, en guon argayske wurden lykje de teory te ûnderstypjen dat it út 'e achtste iuw stammet, miskien sels wol út 'e earste helte dêrfan. Mar om't yn dichtwurken gauris argaïsmen brûkt wurde, is dat gjin trochslachjaand bewiis. Resinter ûndersyk tsjut op in datearring om 850 hinne, of mooglik noch letter. De personaazjes út it gedicht binne deselde min ofte mear histoaryske figueren, lykas Hygelac, dy't ek yn oare teksten foarkomme en oan 'e hân wêrfan't de tiid dêr't it ferhaal yn spilet, fêststeld wurde kin tusken 450 en 600. Nei alle gedachten is Beowulf in optekening fan in mûnling oerlevere ferhaal dat de Angelen, Saksen en/of Jutten fan it Jeropeeske fêstelân ôf meinommen hawwe doe't hja yn 'e fyfde iuw mannemacht nei de Britske Eilannen ferfearen en har dêr nei wenjen setten.

Skiednis

Hoe't Beowulf him ûntjûn hat foar't it optekene waard, is fansels net mear te efterheljen, mar it sil grif de iuwen fan mûnlinge oerlevering net ûnskansearre, of alteast ûnferoare, trochstien hawwe. Nei't it delskreaun wie, is it mar oerlevere yn ien inkeld hânskrift, en boppedat is it it iennichste epos fan syn soarte, dat ferlikingsmateriaal is der net. Dat iene hânskrift, dat de British Library tsjintwurdich op 'e noed hat, stiet bekend as MS Cotton Vitellius A XV. Dy namme is ûntstien trochdat it manuskript (MS) in hoart yn it besit wie fan 'e biblofyl en sammelder sir Robert Bruce Cotton († 1631), yn waans bibleteek it it fyftjinde (XV) boek wie op 'e boppeste planke (A) fan 'e kaste dêr't in boarstbyld fan 'e Romeinske keizer Fitellius op stie. Wylst it eigendom fan Cotton wie, moat it ynbûn wêze mei noch in oar Midsiuwsk hânskrift dat folle letter datearre wurdt.

De likernôge kriten dy't bewenne waarden troch de yn Beowulf neamde folken yn 'e snuorje dat it ferhaal spile.

Foar't it yn Cotton syn bibleteek bedarre, hie it nei alle gedachten yn it besit west fan 'e sechstjinde-iuwske wittenskipper Laurence Nowell, dy't syn hantekening op 'e earste side fan it manuskript set hat, mei dêrby it jiertal 1563 (sadwaande wurdt it offisjeus ek wol de Nowell Kodeks neamd. Der wurdt wol tocht dat Nowell deroan kommen is troch syn tsjinst as priveelearaar yn 'e húshâlding fan William Cecil, 1ste baron Burghley, de kânselier fan 'e Ingelske keninginne Elizabeth I. Men giet derfan út dat Cecil it hânskrift út ien fan 'e grutte kleasterlibrijen hie, dy't yn 1536 op oarder fan 'e Ingelske kening Hindrik VIII mei it hiele kleasterwêzen opheft waarden. Dêrby binne nammentlik in protte manuskripten weirekke (les: fertsjustermoanne).

MS Cotton Vitellius A XV wie yn 1731 suver ferlern gien by in brân dy't it meastepart fan 'e Cotton-kolleksje yn 'e jiske lei; oan dat lot ûntkaam it lokkigernôch, mar wol wie it der sasear troch skeind dat de lêsberens der slim fan te lijen hie. In titel hie it hânskrift oarspronklik net, en pas sûnt it begjin fan de njoggentjinde iuw wurdt it fan Beowulf neamd. Jierren en jierren brocht Beowulf troch yn ferjitnis. Pas nei't it yn 1815 yn printe foarm publisearre waard troch de Iislânsk-Deenske taalkundige Grímur Jónsson Þorkelin krige it in beskate bekendheid. Dêrby waard it gedicht lykwols noch lang beskôge as fral fan taalkundich belang, as boarne fan it Aldingelsk; it wie de taalkundige J.R.R. Tolkien, better bekend as de skriuwer fan 'e fantasytrilogy The Lord of the Rings, dy't as earste in stúdzje makke fan Beowulf as literêr wurk.

Ynhâld

It gedicht fertelt it ferhaal fan Beowulf, in omkesizzer fan Hygelac, de kening fan 'e Geaten, dy't heart dat Heorot, it langhûs fan Hroðgar, kening fan 'e Denen, al tolve jier lang teheistere wurdt troch de streuptochten fan it meunster Grendel. Dêrop set er mei fjirtjin selskipslju dat út nei Denemark om mei it wêzen ôf te weven. Beowulf-en-dy oernachtsje yn Heorot en by neare nacht falt Grendel op harren oan. Hy komt ien fan Beowulf syn mannen oer it mad, ferskuord him en fret him op. Mar as er ek Beowulf sels gripe sil, bekomt him dat min, want dy grutte held kin er net oan en Beowulf ferwûnet him deadlik. Beowulf wurdt dêrop o sa priizge en ryklik beleanne troch de Denen, mar de oare jûns komt de mem fan Grendel opdaagjen om har soan te wreitsjen. Hja deadet Æschere, ien fan Hroðgar syn bêste krigers, en de kening rekket alhiel telider slein. Mar Beowulf seit him ta ek dit meunster neisjen te sillen, dat hy set mei syn mannen dat út nei de mar dêr't Grendel syn mem omhúsmannet. Op 'e boaiem fan 'e mar komt it ta in fûleindich gefjocht, dat Beowulf hàst ferliest. Mar krekt op 'e tiid sjocht er dêr in âld swurd lizzen, en dêr wit er har de kop mei ôf te slaan. Syn oerwinning wurdt fierd mei in grut feest.

Op dit punt makket it gedicht in spronkje yn 'e tiid. Yn in pear regels wurdt ferteld hoe't nei Beowulf syn weromkear yn it lân fan 'e Geaten syn omke Hygelac en dy syn soan en erfgenamt omkomme yn oarloggen, sadat Beowulf úteinlik kening wurdt. Fyftich jier lang hearsket er yn frede, mar dy wurdt fersteurd troch in boaze draak as er al heech op jierren is. Noch ien kear tinkt Beowulf in heldedie te dwaan, dat hy giet net mei in leger, mar mei inkeld in pear fertroulingen by him op 'e draak ta. De draak is him lykwols oermânsk en ferwûnet him swier; úteinlik is it syn folgeling Wiglaf dy't de draak ferslacht, al tsjinnet Beowulf sels it meunster de deastek ta. Dêrnei stjert de kening en wurdt begroeven ûnder in grêfhichte oan see.

De grêfheuvel fan Skalunda, dy't troch de archeolooch Birger Nerman identifisearre waard as Beowulf syn grêfhichte.

Friezen yn Beowulf

Al nimme de Friezen yn Beowulf net in wichtich plak yn, dochs wurde se yn 'e tekst fiifris neamd. Yn 'e earste en langste passaazje, de saneamde Finn-episoade (r.1063-1160) wurdt beskreaun hoe't Finn, de kening fan 'e Friezen, yn 'e striid safolle mannen kwytrekket, dat er deryn tastimme moat om foar in kloft Deenske krigers romte frij te meitsjen yn syn eigen kastiel, de Finnsboarch. Nei ferrin fan tiid wurdt er fermoarde troch de Denen, dy't dêrop útnaaie mei al syn skatten. Letter (r. 1202-1214) wurdt ferhelle hoe't kening Hygelac fan 'e Geaten sûnder oanlieding in oarloch tsjin 'e Friezen begjint. Hy ferliest lykwols de slach, en syn lyk falt yn 'e hannen fan 'e Franken, dy't yn dizze oarloch bûnsgenoaten fan 'e Friezen binne. In trêde fragmint (r. 2354-2367) behannelet deselde slach, mar beljochtet fral Beowulf syn heldedieden yn 'e striid. In fjirde stik (r. 2500-2508) referearret jitris oan dyseldichste slach, as dy Beowulf troch in swurd dat er doe bútmakke hat, wer tebinnenbrocht wurdt. Ta ein beslút wurdt (yn r. 2910-2921) nei de dea fan Beowulf op 'e nij de ynfal yn Fryslân oanhelle.

Priuwke

Hjir de earste trije regels mei dernjonken de Fryske fertaling; gjin sekuere oersetting mar wol yn stêfrym.

Hwæt! We Gārdena in gēardagum

þēodcyninga, þrym gefrūnon
hū ða æþelingas ellen fremedon.

Hear! Wy Wapen-Denen yn weiwoarn dagen

fan de rykskeningen har rop haw heard
hoe't dy ealju eardieden ferrjochten.

Hjirûnder in wat langer fragmint.

Orizjinele Angelsaksyske tekstFryske oersetting fan Krol en Van der Zee (1984)
Hwæt! We Gārdena in gēardagum, þēodcyninga, þrym gefrūnon, hū ða æþelingas ellen fremedon.

Oft Scyld Scēfing sceaðena þrēatum, monegum mægþum, meodosetla oftēah, egsode eorlas. Syððan ærest wearð fēasceaft funden, he þæs frōfre gebād: weōx under wolcnum, weorðmyndum þāh, ōðþæt him æghwylc þāra ymbsittendra ofer hronrāde hȳran scolde, gomban gyldan. Þæt wæs gōd cyning!

Harkje nei myn ferhaal! Wy ha heard fan 'e gloarje fan 'e Spear-Denen, de folkskeningen yn 'e dagen fan alear, hoe't dy eallju dappere dieden útsetten.

Gauris berôve Scyld Scefing binden fijannen, hiele folksstammen fan meabanken, jage de Herulen de skrik op it liif. Nei't er eartiids yn earmoed fûn wie, is him dêr yn syn libben fertreasting foar jûn: hy waard grut ûnder de himel, hy wûn safolle oansjen dat alle oanbuorjende folken, dy't oarekant de walfiskwei [see] wennen, him hearrich wêze en skatting betelje moasten. Dat wie in grut kening!

Adaptaasjes

Der binne frijwat adaptaasjes fan Beowulf makke. Sa skreau de Ierske dichter Seamus Heaney in bekende oersetting nei it moderne Ingelsk. De skriuwer John Gardner werfertelde it ferhaal út it eachpunt fan it meunster Grendel yn syn roman Grendel. In folle frijere bewurking is Michael Crichton syn novelle Eaters of the Dead, út 1976, dy't yn 1999 ferfilme waard troch regisseur John McTiernan as The 13th Warrior, mei yn 'e haadrol Antonio Banderas. Yn 1999 kaam ek de film Beowulf út, mei Christopher Lambert yn 'e titelrol; dat is popularisearre werjefte dy't pulp is en ek net pretindearret mear te wêzen as dat, mar dochs frij sekuer by it oarspronklike ferhaal bliuwt. Fierdere ferfilmings wiene Beowulf & Grendel, út 2006, en Beowulf, út 2007.

Fierdersoan wie Beowulf in wichtige ynspiraasje bron foar J.R.R. Tolkien, dy't der it essay Beowulf: The Monsters and the Critics oer skreau. By it skriuwen fan The Lord of the Rings basearre er it lân fan Rohan en syn bewenners, de Rohirrim, grutdiels op it Beowulf-ferhaal.

Fryske oersetting

De Finn-episoade is yn 1937 troch Douwe Kalma oerset yn it Frysk en wiidweidich besprutsen yn syn útjefte Kening Finn. In folsleine Fryske oersetting fan Beowulf ferskynde yn 1984 ûnder de titel Beowulf: In proaza-oersetting út it Aldingelsk by de Koperative Utjowerij te Boalsert, mei stipe fan it Frysk Genoatskip út it Hora Siccama van de Harkstede-fûns. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Jelle Krol en Popke van der Zee, dy't ek in ynformative ynlieding tafoegen. Yn harren ferantwurding jouwe se oan dat se earst fan doel wiene en meitsje in oersetting yn stêfrym. Yn 'e mande mei Rein C. Smilde wiene se dêr yn 1978 ek mei úteinset, mar úteinlik moasten se tajaan dat harren dat dochs boppe de macht gie, benammentlik om't it Aldingelsk him dêr folle mear ta liend as it hjoeddeiske Frysk. Lykwols waard harren besykjen ta beriming (r. 1-836) yn 1979 troch de repro-tsjinst fan 'e Ryksuniversiteit Grins yn in oplaach fan hûndert eksimplaren útjûn ûnder de titel It Gefjocht fan Beowulf mei Grendel.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Beowulf: In proaza-oersetting út it Aldingelsk (oers. J. Krol en P. van der Zee), Boalsert, 1984 (Koperative Utjowerij), ISBN 9 06 57 01 397.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.