Bentheimer sânstien

Bentheimer sânstien is in suvere en relatyf stevige, brune oant reade sânstien mei in lykmjittige struktuer, dy't foar tal fan doelen brûkt wurde kin. Bentheimer sânstien waard wûn in stiengatten yn de Greefskip Bentheim yn Dútslân en waard dêr oantsjut as Bentheimer Gold.

De earste fernijing fan sânstienwinning is fan om 1250 hinne, yn Gildehaus. Op it hichtepunt fan produksje en hannel om 1600 wiene der njoggen stiengatten yn it wurk. De grutste lei tusken Bad Bentheim en Schüttorf. De djoere Bentheimer sânstien waard iuwenlang ferhannele mei it Münsterlân, East-Fryslân en Nederlân. De stien waard mei hynder en wein nei de saneamde Steinmaat yn Nordhorn ferfierd. Dêr waard de stien mei it skip oer de Fecht nei Swol transportearre.

Geology

De sânstienlagen ûntstiene sa'n 125 miljoen jier lyn yn it tiidrek Falanginien. Hoefolste mear kalk yn de sânstie hoe hurder dy is. Nei ferskowings fan ierdlagen bleaune de hurdste dielen as hichten yn it lânskip oer. Sânstienlagen binne poreus en binne yn de omkriten fan Bentheim in natuerlik reservoir foar wetter en op oare plakken ek foar ierdoalje en ierdgas.

Stiengat yn Gildehaus (2010)

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.