Benjamin Moser
skriuwer
Benjamin Moser op Texas Book Festival, 2009
Benjamin Moser op Texas Book Festival, 2009
persoanlike bysûnderheden
echte nammeBenjamin Moser
nasjonaliteitflagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne14 septimber 1976
berteplakHouston (Teksas)
offisjele webside
Offisjele webside
Benjamin Moser mei it manuskript fan Clarice Lispector har Complete Stories

Benjamin Moser (Houston, 14 septimber 1976) is in Amerikaansk skriuwer en polyglot dy't yn Utrecht tahâld.

Biografy

Moser gie nei de midelbere skoalle yn Teksas en Frankryk foar't er in graad yn de skiednis helle oan de Brown Universiteit yn Providence (Rhode Island). Hy studearre ek in skofte Sineesk en Portugeesk. Hy helle syn M.A. en Ph.D. oan de Universiteit fan Utert.

Hy is New Books-kollumnist foar Harper's Magazine, skriuwt faak bydragen foar The New York Review of Books en is de skriuwer fan in biografy mei de titel Why This World fan de Brazyljaanske skriuwster Clarice Lispector (Oekraïne, 1920 – Rio de Janeiro, 1977). Hy ûntdiek har wurk doe't er Portugeeske literatuer studearre.

Moser hat oersettingen publisearre út it Nederlânsk, Frânsk, Spaansk en Portugeesk. Njonken dy talen kin er noch seis oare talen sprekke.

Hy wennet yn Utert mei syn partner de skriuwer Arthur Japin en Japin syn útjouwer Lex Jansen. Moser is fan Dútsk-Joadsk komôf.

Prizen en ûnderskiedingen

  • 2009 National Books Critics Circle Award (biografy) finalist foar Why This World
  • 2014 Nona Balakian Citation for Excellence in Reviewing finalist
  • 2016 Prêmio Itamaraty de Diplomacia Cultural
  • 2017 Guggenheim Fellowship

Bibliografy

  • Benjamin Moser, Why This World: A Biography of Clarice Lispector, Oxford University Press (2009)/Haus Publishing Limited, ISBN 978-0-19-538556-4 (US), 978-1906598426 (UK)
  • Benjamin Moser, Clarice, uma biografia, Cosac Naify (2009).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is in oersettin fan it artikel yn de Ingelsktalige Wikipedy

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.