Bellingwedde | |
---|---|
Fêsting Aldeskâns | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Wedde |
grutste plak | Bellingwolde |
ynwennertal | 8.921 (30 april 2017) |
oerflak | 110,13 km² |
tal doarpen | 8 |
ferkearsieren | N368 |
skiednis | |
oprjochte | 1968 |
Foar 1968 | Bellingwolde Wedde |
opheft | 2018 |
opgien yn | Westerwâlde |
no part fan | Westerwâlde |
oar | |
netnûmer | 0597 |
postkoade | 9566-9569, 9695-9699 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
Bellingwedde is in eardere gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie yn 1968 troch it gearfoegjen fan de gemeenten Bellingwolde en Wedde. Op 30 april 2017 hie Bellingwedde 8.921 ynwenners, del fan de 9.549 ynwenners dy't de gemeente yn 2000 hie. De gemeente hie in oerflak fan 110,13 km².
Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente Bellingwedde mei de gemeente Vlagtwedde gearfoege ta de nije gemeente Westerwâlde.
Doarpen
De gemeente Bellingwedde hie de folgjende offisjele kearnen:
Plaknamme | Ynwenners |
---|---|
Bellingwolde | 2.590 |
Blijham | 2.260 |
Vriescheloo | 720 |
Wedde | 630 |
Rhederbrug | 610 |
Veelerveen | 610 |
Morige | 430 |
Wedderheide | 260 |
Wedderveer | 140 |
Aldeskâns | 90 |
Lyts-Ulsda | 50 |
Boarne:CBS
Oare offisjele kearnen:
- Den Ham
- Rhederveld
Buorskippen en oare net-offisjele kearnen: De Bult, Hoorn, Hoornderveen, Koudehoek, De Lethe, Lutjeloo, Morige, Tjabbesstreek, Wedderheide, Westeind, Wynskoaterhegebrêge (foar in part).
Skiednis
Yn 2006 wie it fuortbestean fan de gemeente net wis. Der wiene stimmen dat de gemeente ta de nij te foarmjen gemeente Aldamt foege wurde soe. It gemeentebestjoer makke doe lykwols buorkundich dat as der in weryndieling komme soe, de foarkar nei it gearfoegjen mei Vlagtwedde wie. Yn 2010 sprutsen Bellingwedde, Vlagtwedde en Stedskanaal út foarstanners te wêzen foar fiergeande yntergemeentlike gearwurkjen, dêr't as einbeslút de trije gemeenten ûnôfhinklik bliuwe soene.
Nijsgjirrich
Boargemaster Engbert Drenth wie by syn ôftreden op 1 maart 2007 de langstsittende boargemaster fan Nederlân (sûnt 1979).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bellingwedde fan Wikimedia Commons. |