It Belis fan Ljouwert wie in belegering fan de stêd Ljouwert troch it leger fan Albrecht fan Saksen dat ûnder befel stie fan Wilwolt von Schaumberch. It belis duorre njoggen wiken en einige op 23 oktober 1498 mei it ynnimmen fan Ljouwert troch it Saksyske leger. [1]

Oanrin

It lêste desennium fan de 15e iuw wie in rûzige tiid foar Fryslân. Hartoch Albrecht fan Saksen krige Fryslân, mei ynbegryp fan de Ommelannen yn besit fan keizer Maksimiliaan yn 1498 as betelling foar syn tsjinsten oan de keizer. Hy waard beneamd ta gûverneur (potestaat) fan Fryslân. Fryslân dat dan wol diel útmakke fan Hillige Roomske Ryk hie nea in hear kend, alteast in hear hie der nea bliuwend gesach fine kinnen. Oan de ein fan de fyftjinde iuw wiene De Fryske lannen it striidtoaniel fan de konflikten tusken Skieringers en Fetkeapers. De stêd Grins like yn dy konflikten de iennichste machtsfaktor dy 't fanwegen komme koe en wreide har macht út oant hast hiel Fryslân en de Ommelannen. Om de macht fan de stêd yn te damjen, waard Albrecht troch guon yn Fryslân mei iepen earms ûntfongen.

Albrecht stjoert yn de maitiid fan 1498 syn legeroanfierder Von Schaumberg mei in duchtige troepemacht nei Fryslân om it foar him yn besit te nimmen. Ljouwert wie ien fan de stêden dy 't him te war stelde. Yn trije gefjochten waarden de Friezen troch him ferslein. Yn april op wei nei Grins, op 10 juny yn de slach by Laaksum en yn de moannen septimber en oktober by it belis fan Ljouwert.

Belis en gefolch

Foaroan yn de striid tsjin de hartoch fan Saksen moast Ljouwert him, nei in belis fan njoggen wiken, oerjaan oan de steedhâlder fan de hartoch, Wilwolt fan Schaumburg. Dy twong by de ûnderhannelingen ôf dat de hartoch in twangboarch binnen de stêd, it Blokhûs, bouwe mocht en dy mei syn manlju te besetten. Mei de ynname fan Ljouwert hie Albrecht Fryslân en de Ommelannen min ofte mear pasifisearre en de Saksetiid bruts oan dy 't foar Fryslân fiergeande gefolgen hawwe soe. In nij bestjoersapparaat waard opset mei it Dútsk as offisjele taal. Dy feroaring late ta in grutte tebekgong fan de Fryske taal en makke in ein oan it brûken fan it Frysk yn it offisjele ferkear.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.