Beklimming fan de Mont Ventoux | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ascesa de Monte Ventoso | |
auteur | Francesco Petrarca | |
taal | Italjaansk | |
foarm | brief | |
skreaun | 1336 of ±1350 | |
bondel | Epistolae Familiaris | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Oan: Dionigi di Borgo San Sepolcro | |
publikaasje | 2017, Grins | |
útjouwer | Utjouwerij Regaad | |
ISBN oers. | gjint |
Beklimming fan de Mont Ventoux, yn it oarspronklike Italjaansk: Ascesa al Monto Ventoso, is de namme dy't algemien yn gebrûk is foar in ferneamd brief út 1336 fan 'e Italjaanske dichter en filosoof Francesco Petrarca (1304-1374) oan syn bychtheit Dionigi di Borgo San Sepolcro. Yn it brief beskriuwt Petrarca syn beklimming fan 'e berch de Mont Ventoux, yn 'e Provâns, yn 1336. Hoewol't hjoeddeistige saakkundigen de histoaryske akkuratens fan 'e tekst fan it brief yn twifel lûke, wurdt Beklimming fan de Mont Ventoux rûnom sjoen as in ier foarbyld fan 'e nije ideeën fan 'e Renêssânse. Petrarca joech it brief letter sels út as ûnderdiel fan syn brievesamling Epistolae Familiaris (IV, 1). In Fryske oersetting, mei as titel Oan: Dionigi di San Borgo Sepolcro, ferskynde yn juny 2017 by Utjouwerij Regaad yn Grins ta gelegenheid fan 'e presintaasje fan 'e fertaling fan 'e roman Ventoux, fan Bert Wagendorp.
Ynhâld
It brief fan Petrarca is adressearre oan syn eardere bychtheit Dionigi di Borgo San Sepolcro. Petrarca fertelt oan Dionigi hoe't er op 26 april 1336 mei syn jongere broer Gherardo en twa tsjinstfeinten de 1.912 m hege top fan 'e Mont Ventoux bekom, in berch yn 'e Provâns, yn súdlike Frankryk. Hja diene dat op 'e dei ôf tsien jier nei't hy en Gherardo Bologna ferlitten hiene om har yn Avignon te fêstigjen. Petrarca-en-dy setten ôf út it doarp Malaucène, oan 'e foet fan 'e berch. Underweis nei de top metten se in âlde skieppehoeder, dy't harren fertelde dat hysels de berch fyftich jier lyn beklommen hie en op 'e top inkeld keale rotsen en wat toarnbeistruken oantroffen hie. Neffens dy man soe nimmen sûnt dy tiid de Mont Ventoux noch beklommen hawwe.
De bruorren en harren tsjinners giene fierder, wêrby't Petrarca oanhâldend it maklikste paad besocht te finen, hoewol't dat ek it langste paad wie. Boppe-op de berch fûnen se de lytse rotspjuts dy't noch fierder omheechstie, en dy't Filiolus ("Soantsje") neamd waard. Petrarca-en-dy seagen dêrwei út oer de delling fan 'e Rône en oer de Sevennen. Sels tocht Petrarca nei oer de ôfrûne tsien jier en oer syn iere leafde foar in frou dy't er Laura neamde, in leafde dy't er foar dat frommeske geheim holden hie.
Op in stuit gie Petrarca sitten en iepene in eksimplaar fan 'e Confessiones fan 'e tsjerkfaar Augustinus fan Hippo dat er meinommen hie. De earste tekst dy't er lies, wie: "Minsken besauwe har oer berchtoppen, oer ûnbidige weagen fan 'e see, oer brede wetterfallen yn rivieren, oer de alomfiemjende útstrutsenens fan 'e oseaan, oer de draaiïngs fan 'e stjerren. Mar foar harrensels hawwe se gjin belangstelling." Underweis werom, by de berch del, wie Petrarca stil en beprakkesearre er de idelheid fan 'e minsklike winsken en de nommelens fan 'e net-oantaaste minsklike gedachten. Doe't se te neare nacht wer yn Malaucène oankamen, skreau Petrarca it hiele brief oan ien stik wei nei eigen sizzen "hastich en foar de fûst wei op".
Twifels fan histoarisy
Der wurdt gauris útholden dat Petrarca de earste persoan wie dy't de Mont Ventoux beklom, mar dat hat er sels nea sein. De berch, dy't net rare heech is, waard nei alle gedachten al yn 'e Prehistoarje foar it earst betwongen. Boppedat bestiet der in âlder ferslach fan in Jean Buridan, dy't ûnderweis nei it Pauslik Hôf yn Avignon yn 1334 de Mont Ventoux beklommen hawwe soe. Hy die dat, sa skreau er, om beskate meteorologyske waarnimmings te dwaan.
Wat de ynhâld fan it brief fan Petrarca oangiet, liket it de measte histoarisy bot ûnwierskynlik ta dat er midden yn 'e nacht, sûnder earst te iten, nei in kuiertocht by in berch op en del dy't achttjin oeren yn beslach nommen hie, in tekst fan seistûzen wurden yn elegant Latyn skreau mei de juste sitaten fan klassike dichters. Moderne wittenskippers achtsje it sels ûnwis oft Petrarca wol ea wier sels de Mont Ventoux beklommen hat. Neffens Pierre Courcelle en Giuseppe Billanovich is it brief eins in fiktive tekst dy't omtrint 1350 skreaun wêze moat, dus hast fyftjin jier nei de beklimming, en hast tsien jier nei it ferstjerren fan 'e adressearre, Dionigi di Borgo San Sepolcro. In oare moderne saakkundige, Lyell Asher, wol hawwe dat de beklimming fan 'e berch eins in metafoar is foar it skriuwen fan it brief sels.
Betsjutting
Francesco Petrarca wurdt gauris beskôge as de grûnlizzer fan it humanisme en dêrmei as de 'heit' fan 'e Renêssânse. Yn dy kontekst wurdt Beklimming fan de Mont Ventoux gauris oanhelle, om't út it brief blike soe dat Petrarca "in wier moderne man" wie, sa't histoarikus Jakob Burckhardt it ûnder wurden brocht yn syn The Civilization of the Renaissance in Italy. Syn 'moderniteit' soe yn it brief û.m. ta utering komme yn syn iepenstean foar de natoer, ek al hied er noch net de feardichheid om 'e ynfloed dy't de natoer op him hie goed ûnder wurden te bringen. Burckhardt seach Petrarca fierders as útsûnderlik om't er de Mont Ventoux beklom om gjin oare reden as om't er der aardichheid oan hie, wat him ta de earste toerist makke hawwe soe. It idee dat Petrarca de earste persoan sûnt de Aldheid wie dy't de Mont Ventoux beklom út klearebare nocht, waard lykwols yn 1943 ûntkrêfte troch Lynn Thorndike.
Nettsjinsteande dat wurdt Petrarca syn beklimming fan 'e Mont Ventoux noch altyd as in wichtich momint beskôge yn 'e ûntwikkeling fan 'e filosofyske ideeën dêr't letter de Renêssânse út fuortkomme soe. Yn syn boek The Legitimacy of the Modern Age omskriuwt Hans Blumenberg de beklimming as "ien fan dy grutte mominten dy't ûnwis hinne en wer bewege tusken de tiidrekken", d.w.s. tusken de Midsiuwen en de Renêssânse. En yn Re-Visioning Psychology brûkt James Hillman it ferhaal fan 'e beklimming fan 'e Mont Ventoux om syn teory te yllustrearjen dat de uterlike wrâld fan 'e natoer wjerspegele wurdt troch in likegrutte ynderlike wrâld fan bylden. Beide wrâlden besteane yn begjinsel los fan 'e minske sels. De uterlike wrâld soe Petrarca motivearre hawwe kinne om 'e berch te beklimmen, mar de ynderlike wrâld is wat er ûntdiek doe't er de top berikte en dêr de passaazje út 'e Confessiones fan Augustinus lies.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Bibliography, op dizze side. |