Beilstein
Emblemen
Polityk
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteatRynlân-Palts
lânkringCochem-Zell
Sifers
Ynwennertal140 (2021)
Oerflak1,69 km²
Befolkingsticht.83 ynw./km²
Hichte90 m
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten50° 06'N 7° 14'E
Offisjele webside
beilstein-mosel.de
Kaart
Beilstein (Rynlân-Palts)
Beilstein

Beilstein is in Ortsgemeinde yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Beilstein heart by de ferbânsgemeente Cochem en leit oan de rjochter kant fan de Mûzel.

Skiednis

Neffens Frankyske grêffynsten waard Beilstein om 800 n. Kr. hinne al bewenne. Sûnt 1268 wie it plak lienbesit fan de hearen Von Braunshorn. Beilstein krige ûnder Johann von Braunshorn (1299–1346) yn it jier 1309 fan keizer Hindrik VII stedsprivileezjes en stedsmuorren en likernôch tagelyk waard in parochytsjerke boud. Sûnt 1309 bestie der yn Beilstein ek in joadske gemeente, werfan't it joadske tsjerkhôf by it kastiel noch altiten tsjûget. De pest besocht yn de jierren 1347-1349 ek Beilstein en troch ferfolging kaam der doe ek ynearsten in ein oan de bloei fan de joadske mienskip yn Beilstein.

Kastiel Metternich

Nei it útstjerren fan it skaai Von Braunshorn gyng it lien yn 1360 yn hannen fan de hearen Von Winneburg oer. Doe't de katolike Philipp I von Winneburg yn 1587 ferstoar en syn protestantske soan Philipp II Beilstein erfde, waarden alle Beilsteiners twongen om op it protestantisme oer te gean. Mei de komst fan de Spanjaarden yn 1620 moasten de Beilsteiners wer katolyk wurde. Yn 1634 waard Beilstein troch Sweedske troepen beset en wer feroare it plak fan konfesje. Nei't Kar-Trier Beilstein yn 1637 oan de keizerlike greven Von Metternich yn lien joegen, feroaren de ynwenners foar it lêst fan leauwe en waard de befolking wer katolyk.

Kleastertsjerke

Yn 1686 waars de earste stien lein foar it nije kleaster op de Rammerberch. Yn 1689 folge de ferneatiging fan it kastiel Metternich troch Frânske troepen. It hjoeddeiske stedsbyld datearret út dy tiid.

Mei't de Frânsen it gebiet yn 1794 besetten, einige ek it bewâld fan de ryksgreven Von Metternich. Yn de Frânske tiid kaam mei de de sekularisaasje ek in ein oan it kleasterlibben.

It besjen wurch

  • De histoaryske stêd Beilstein;
  • de eardere oan Sint-Joazef wijde kleastertsjerke mei yn de tsjerke in 12e-iuwsk genedebyld fan Swarte Madonna;
  • it kastiel Metternich.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur op dizze side.


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.