Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Běijīng Shì
北京市
Basis ynformaasje
Gebiet16.807,8   km²
Tal ynwenners15.224.754
Tal ynwenners km²906  km² Prefektuer
Tiid sôneCST (UTC+8)
Regear
LânSina
RegioPeking
Administrative yndieling16 distrikten (stêdsdielen)
BoargemasterGuo Jinlong
Websidewww.beijing.gov.cn

Peking (北京; pinyin: Běijīng) is de haadstêd fan Sina. De stêd is in direkt bestjoerde stêd, mei likernôch 11.150.000 ynwenners. Boargemaster is Guo Jinlong sûnt 2007.

Etymology

Peking betsjut "noardlike haadsted" yn it Sineesk. It hat in konkurrint fan Nanjing west, "de súdlike haadsted", tidens de Ming Dynasty. Dizze dynasty joech Peking har namme.

Skiednis

De âldste resten binne fan de 1e iuw f.Kr. Doe stifte it Keninkryk fan Yan (燕) har haadsted, dêr't no Peking leit. Hja neamden it Ji (蓟). Neidat it Keninkryk fan Yan ferwoastige wie, waard de stêd lytser, alhoewol't it noch hieltyd in plak fan belang wie.

Peking waard hieltyd wichtiger yn 'e 10e iuw, doe't de Jin Dynasty har haadsted dêr fêstige. Dy stêd waard ferwoastige troch de Mongoalen yn 1215. Yn 1267 bouden de Mongoalen in nije stêd krekt boppe de Jin haadsted, se neamden it "Grutte Haadsted" (大都), en dat wie de basis fan Peking sa as it hjoed derhinne leit. Doe't Kublai Khan, de Mongoalyske monarch, de Yuan Dynasty stifte, keas er de stêd as syn haadsted.

De Yuan, Ming en Qing Dynastyen keazen Peking allegear as harren haadsted. Doe't de Qing Dynasty syn macht ferlear en de Republyk fan Sina stifte wie, ferplakten se harren haadsted fan Peking nei Nanjing. Doe't de Folksrepublyk Sina machtiger waard, waard Peking op 'en nij de haadsted fan Sina.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.