In befolkingsregister is in registraasjesysteem oangeande de ynwenners fan in gebiet, dat derfoar soarget dat der ynsjoch ûnstiet op it mêd fan 'e grutte en de gearstalling fan 'e befolking. Yn lannen mei in befolkingsregister wurde troch de oerheid gegevens byholden oer eltse ynwenner. Minsken dy't yn sokke lannen wenje, binne yn 'e regel ferplichte om feroarings yn harren persoanlike status te melden by in dêrta oanwiisde oerheidsynstânsje (yn Nederlân de gemeente). Dêrby giet it om berten en stjergefallen, it sluten fan houliken en it útfieren fan skiedings, feroarings fan wenadres, ensfh. Yn in protte lannen kriget fierders eltse ynwenner dy't opnommen is yn it befolkingsregister in persoansnûmer (yn Nederlân it boargerservicenûmer), dat it behearen fan 'e ynformaasje effisjinter makket.
Befolkingsregisters komme benammen foar yn lannen mei maatskippijen dy't yn hege mjitte oan regels bûn binne, sa't bgl. it gefal is yn Noardwest- en Noard-Jeropa. Lannen mei tige sekuere befolkingsregisters binne: Nederlân, Belgje, Denemark, Noarwegen, Sweden, Finlân, Dútslân en Switserlân, mar ek Israel, Japan en Súd-Koreä. Yn lannen sûnder in befolkingsregister, dêr't de oerheid lykwols likegoed ferlet hat fan ynformaasje oer it tal en de omstannichheden fan 'e ynwenners, wurdt faak eltse tsien jier in folkstelling holden, wêrby't oan 'e ynwenners frege wurdt om in lange fragelist yn te foljen en yn te leverjen.
In foardiel fan in befolkingsregister is dat de oerheid op effisjintere wize saken foar de boarger regelje kin. Mar der klibje ek neidielen oan. In befolkingsregister jout de oerheid oanhâldend ynsjoch yn it libben fan eltse ynwenner, wat beskôge wurde kin as yn striid wêzend mei it rjocht op privacy fan 'e boarger. As yn it befolkingsregister ek ynformaasje opnommen is oangeande godstsjinst, ras of etnisiteit, wurdt dêrmei boppedat de mooglikheid skepen dat de hjoeddeistige oerheid of in letter regear dêr misbrûk fan meitsje sil om in beskate maatskiplike groep te diskriminearjen. Sadwaande bestiet der yn lannen dy't gjin tradysje op it mêd fan in befolkingsregister hawwe, lykas Grut-Brittanje en de Feriene Steaten, faak grut ferset tsjin 'e mooglike ynfiering fan sa'n systeem.
Yn Nederlân giet it befolkingsregister werom op 'e ynfiering fan 'e boargerlike stân, ûnder de Frânske Tiid, yn 1811. Dat systeem wie lykwols beheind ta it fêstlizzen fan berten, houliken, skiedings en stjergefallen. Op 1 jannewaris 1850 krigen de gemeenten yn Nederlân de wetlike plicht om in trochrinnende befolkingsregistraasje yn te stellen en by te hâlden. Hiel lang barde dat yn it ramt fan 'e Gemeentlike Basisadministraasje Persoansgegevens (GBA); dy waard yn 2016 lykwols folslein ferongen troch de Basisregistraasje Persoanen (BRP).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |