In mem mei har nijberne poppe.

In befalling, ferlossing of kream is it proses oan 'e ein fan it swierwêzen fan in frou, as de poppe berne wurdt trochdat er fia it bertekanaal (de fagina) it limoer fan 'e mem (de kreamfrou) ferlit en sa te wrâld komt. Yn tiidwurdlike foarm neamt men dat befalle, bernhelje, pophelje, bernje, kreamje of útpakke. De befalling mei alle drokte deromhinne wurdt oantsjut as de kreamerij. Hjirby giet it spesifyk om 'e berte fan minsken, mei't men by bisten ornaris net fan in 'befalling' sprekt. Yn 2015 fûnen der wrâldwiid likernôch 135 miljoen befallings plak; fan dy poppen waard sa'n 9% te betiid berne, wylst rûchwei 7,5% te let berne waard. De tûke fan 'e genêskunde dy't him taleit op help en begelieding by de befalling, is de ferloskunde. Immen dy't dêrfoar trochleard hat, is in ferloskundige of in froedfrou. Yn 'e Westerske wrâld fine de measte befallings plak yn it sikehûs; Nederlân, dêr't men soks faak thús docht, rint der wat dat oangiet út. Yn ûntwikkelingslannen fine befallings oer it algemien thús plak mei help fan in tradisjonele bertehelp, dat in froedfrou wêze kin, mar likegoed in krûdedokter, medisynman of sjamaan.

De meast foarkommende foarm fan befalling is de faginale ferlossing. Dy omfiemet trije stadia: de ûntsluting fan 'e limoerhals en de limoermûle; de útdriuwing fan 'e poppe; en de útdriuwing fan de plasinta (ek: neiboel of neikream). De ûntslutingsfaze set yn 'e regel útein mei it 'brekken fan 'e fluezen', wêrby't it fruchtwetter útstoart wurdt. Dizze faze duorret yn 'e regel 12 oant 19 oeren, en giet mank mei it ûnderfinen troch de mem fan slimme krampen, wêrby't de spieren fan it limoer har gearlûke om 'e poppe út te driuwen, wylst dy troch de ûnfolsleine ûntsluting noch net troch it bertekanaal kin. Sokke krampen wurde weeën of bertefleagen neamd, en fan sokke froulju wurdt sein dat se 'yn 'e weeën lizze'. Meitiid wurde de pineweagen, dy't troch de krampeftige spiergearlûkings feroarsake wurde, stadichoan slimmer en folgje se ek almar tichter opinoar. Yn in protte lannen kinne froulju in saneamde rêchprip krije, in ynjeksje yn 'e rêchbonke dy't it ûnderlichem foar in part ferdôvet; yn Nederlân is dat net gebrûklik. Fierders kinne beskate techniken fan sykheljen en spierûntspanning tsjin 'e pine helpe. De útdriuwingsfaze sels duorret ornaris 20 minuten oant 2 oeren, en de útdriuwing fan 'e plasinta 5 oant 30 minuten. Nei't de poppe berne is, moat de nâlstring, dy't de poppe mei de plasinta ferbynt, ôfklamme en trochsnien wurde.

In nijberne poppe mei nâlstring.

De measte poppen wurde mei de holle nei foarren berne, mar yn 4% fan 'e gefallen komt der in saneamde stútlizzing foar, wêrby't de poppe mei de fuotten of de stuten nei foarren berne wurdt. Under de befalling kin de frou oer it algemien ite en omrinne, mei't it aktyf úttriuwen fan 'e poppe gjin sin hat salang't der noch gjin folsleine ûntsluting is. Ek ûnder de útdriuwing fan 'e holle wurdt krêft setten ôfret. It komt foar dat de ferloskundige de frou, om 'e fagina wider te iepenjen, 'ynknipt' (yn medysk jargon: in episiotomy makket), hoewol't dat meastal net nedich is. As der swierrichheden binne dy't in normaal ferrin fan 'e befalling ûnmooglik meitsje, lykas in tige drege stútlizzing of driuwende medyske problemen foar de mem of de poppe, kin ynstee fan in faginale ferlossing in keizersneed tapast wurde; dêrby wurdt by in sjirurgyske yngryp in sneed yn 'e búk fan 'e mem makke om 'e poppe troch nei bûten te heljen. Yn 2012 waard wrâldwiid 23 miljoen kear in keizersneed tapast.

Nei ôfrîn fan 'e befalling wurdt foar de mem advisearre om teminsten ferskate dagen rêst te hâlden. Der wurdt dan sein dat hja yn 'it kreambêd' leit. Yn it Frysk kin men oanjaan hoefolle dagen nei de berte oft it is troch te sizzen dat de mem salang 'âldkreams' is. Yn it ferline kamen in protte froulju yn it kreambêd te ferstjerren troch komplikaasjes dy't se by de befalling oprûn hiene. Sadwaande waard yn earder tiden it kreambêd foar froulju wol ferlike mei wat oarloch foar manlju wie. Sels tsjintwurdich noch komme elts jier wrâldwiid likernôch 500.000 froulju yn it kreambêd te ferstjerren, reitsje 7 miljoen froulju troch in befalling oanhelle mei earnstige, duorjende sûnensswierrichheden, en hat in befalling foar 50 miljoen froulju in sûnensnegative ynfloed. Fierwei it grutste part fan dy gefallen docht him foar yn ûntwikkelingslannen. Spesifike gefaarlike komplikaasjes op dit mêd binne obstruksje by de befalling, post-partumblieding, eklampsy en post-partumynfeksje. De gefaarlikste komplikaasje foar de poppe is berteferstikking, dat net inkeld ta de dea, mar ek ta slimme harsensskea liede kin.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.