Beerta | ||
Aldamtster pleats oan 'e Hoofdstraat | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.195 (2023) [1] | |
Oerflak | 36,33 km² wêrfan lân: 34,76 km² wêrfan wetter: 1,58 km² | |
Befolkingsticht. | 60 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 11' N 7° 0' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje fan Beerta |
Beerta (Grinslânsk: Beert(e), earder: De Beerte) is in doarp yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It doarp hie neffens it CBS yn 2019 2.215 ynwenners, wêrfan't der 400 yn de himrik. It doarp leit yn de regio it Reiderlân.
Eardere gemeente
Oant 1 jannewaris 1990 wie Beerta in selsstannige gemeente. Njonken it haadplak Beerta hearden de plakken Drieborg, Nieuw-Beerta, Nieuwe Statenzijl, Oudezijl, Oude Statenzijl, Ulsda en Wynskoatersyl der by. Yn 1990 waarden de gemeenten Beerta, Finsterwolde en Nijeskâns gearfoege ta de nije gemeente Beerta, dy't op 1 july 1991 de nije namme Reiderlân krige. Op 1 jannewaris 2010 waard Reiderlân gearfoege mei de gemeenten Wynskoat en Scheemda ta de nije gemeente Aldamt.
Namme
De namme Beerta of Beerte betsjut "buorskip" en dat is ôflaat fan it Aldfryske bere, dat "skuorre", "wente" betsjut, mei it meartalstaheaksel te. De namme betsjut oarspronklik dan ek "kloft huzen, wenten". De namme is ek tige besibbe oan it taheaksel "buorren", dy't yn de Midsiuwen lykbetsjuttend wie, sa as bygelyks de namme fan de útbuorren Uiterburen, dat ek as Uterbeerte oantsjutten waard. Yn âldere teksten waard sprutsen fan De Beerta, en nei 1850 fan Beerta.
Skiednis
Beerta ûntstie as in feanterijdoarp. It wurdt yn 1391 foar it earst yn skriftlike boarnen neamd, doe't in Liwert Hayens as haadling yn Berda neamd waard. Sa'n tritich jier letter is er haadling yn Ulsda. Yn dy boarne wurdt de grins tusken de Fryske goaen it Aldamt en it Reiderlân neamd as de Tsjamme. Dy rivier foarme ek de grins tusken de bisdommen Múnster en Osnabrück. Bewenning fûn nei alle gedachte plak fanút Ulsda fan de ouwers fan de Pekel A ôf, dy't justje benoarden Ulsda gearfloeit mei de Westerwâldske Aa. Beerta, Ulsda en Den Ham wiene de noardlikste doarpen fan it Bisdom Osnabrück. Op 'e hichte fan Nieuw-Beerta en Nijeskâns bgûn it Bisdom Múnster.
Beerta waard ek wol gauris betiisd mei Utbeerte, in ferdronken doarp yn de Doalert, Uiterburen by Súdbroek en it kleaster Barthe by Hesel yn East-Fryslân. It kleaster fan Hilligerlee besiet it foarwurk Kloostgare yn Beerta.
De hjoeddeiske tsjerke fan Beerta komt fan 1506. In âlder gebou hat justjes beëasten fan it doarp stien en is no bedobbe ûnder de Dollardklaai. Doe't de eastlike Dollardboezem yn de fyftjinde iuw ûntstie, ferpleatste de bewenning nei hegere plakken. Aldere delsetting waarden opjûn.
De tsjerke fan Ulsda waard ferienige mei dy fan Beerta yn 1462, dêr't it byld fan de patroanhillige Lambertus tegearre mei de misboek en de tsjerkesegel nei Beerta kamen. De patroanhillige fan Beerta wie lykwols Bartoloméus, mar dy waard yn 1609 ferfongen troch Laurentius, dy syn ôfbyld opnaam waard yn de kerspelsegel en letter it gemeentewapen fan Beerta.
Yn de fyftjinde iuw waarden de kerpels Wynedaham, Houwingaham en Houwingast of Houwingahof (by nieuw-Beerta) ferienige mei dy fan Beerta. Dy kerspels ferdronken lykwols yn de Dollard. De nammen fan de buorskip Beersterhoogen en de buorkerij Hamster Hoff by Nieuw-Beerta ferwize nei dy delsettings. Neffens in ferklearring út 1567 foelen de Hamsters ûnder de tsjerke fan Beerta.
De oanwaaksen fan de Beertster Ham (1696) foarmje wierskynlik oerbliuwsel fan Wynedaham. Nei de oerstreamings waard it lân stadichoan fannis ynpoldere en de lânbou waard tekenjend foar it gebiet. Nieuw-Beerta skate him yn 1665 ôf.
Kommunisme
It ferskil yn sosjale klasse tusken de boeren en de lânwurklju waard yn de njoggentjinde iuw sa grut, dat it sosjalisme tige populêr waard by in soad lânwurklju. Benammen Ferdinand Domela Nieuwenhuis hie in soad ynfloed. Guon dêrfan waarden radikaler yn it ramt fan de Russyske Revolúsje yn 1917 , want it revolúsjonêre tinken spriek harren wol oan. Nei't it algemein kiesrjocht ynsteld waard, krigen de kommunisten in soad ynfloed yn de gemeenterie yn Beerta, lykas yn buordoarp Finsterwolde. Yn de tritiger jierren naam de Kommunistyske Partij Nederlân in sterke posysje yn de gemeenterie. It regear stjoerde de gemeenterie nei hûs en stelde in regearskommissaris oan. Dat waard dien om't de gemeenterie net in slutende begrutting makke hie en foardielen oan wurkleazen joegen. Yn de fyftiger jierren krigen de kommunisten sels de mearderheid yn de gemeenterie. Yn 1982 waard Hanneke Jagersma, as de earste en iennige kommunistyske boargemaster yn Nederlân, boargemaster fan Beerta, oant de gemeentlike weryndieling fan 1990.
- Bartoloméustsjerke yn Beerta
- Toer
- Aldamster pleats yn Beerta
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
wizigje |