De hervormde Walfriduskerk

Bedum (Grinslânsk: Beem) leit yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Is wie it haadplak fan de eardere lykneamde gemeente. It doarp leit ûngefear 10 km noardlik fan de stêd Grins en leit oan it spoar Grins - Delfsyl en oan it Boterdiep. It doarp Bedum hie yn 2019 8.630 ynwenners en de gemeente Bedum goed 10.000.

Tsjerken

De hjoeddeiske herfoarme Walfridustsjerke waard yn de 11e iuw stichte as beafeartstsjerke fan Walfridus, dy't yn Bedum libbe hawwe soe en troch de Noarmannen fermoarde wêze soe. Opfallend oan de tsjerke is de skeane 11e iuwske toer yn romaanske styl. Dizze toer stiet skeaner as dy fan Pisa: hy hinget 4,18°[1] út it lead versus de 3,97° fan Pisa. Hy is yn elts gefal de skeanste fan Nederlân. Yn de 15e iuw waard de tsjerke fergrutte ta in twabeukige goatyske halletsjerke, dy't yn de 16e iuw útwreide waard mei in grut koar mei omgong foar it kapittel fan de tsjerke. Nei de Reformaasje is de tsjerke swier skeind, ûnder mear troch sloop fan it koer en ferleging fan de noarderbeuk. Yn de Midsiuwen hie Bedum noch in beafeartstsjerke, wijd oan Sint Radfridus, de soan fan Walfridus. Fan dy tsjerke is boppe de grûn neat oer. De roomsk-katolike tsjerke Us Leaffrou Himelfeart is in ienbeukige krústsjerke yn neogoatyske styl, boud yn 1880-1881 nei ûntwerp fan Alfred Tepe. De grifformearde Noardertsjerke út 1938 waard ûntwurpen troch arsjitekt Egbert Reitsma yn tradisjonalistyske styl.

Berne yn Bedum

Sjoch ek

  • List fan ryksmonuminten yn Bedum (plak)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tan α=2,61m/35,704; α=4,18graden
It Hegelân
Doarpen:
AdorpDen AndelBafloBedumEenrumEppenhuizenHornhuizenHouwerzijlKantensKleine HuisjesKloosterburenLauwerseachLiensMensingeweerRiichNiekerkNoardwâldeAldesyl • Onderdendam • EasteinOosternielandPiterbuorren • Raskwert • RoodeschoolRottumSaaxumhuizenSâltkampSauwerdStartenhuizen (foar in part)StitswertSúdwâlde • Tinallinge • UithuizenUithuizermeedenUitwierdeUlrumUskwertVierhuizenWarffumWarfhuzenWehe-den HoornWesterdijkshornWesternieland • Wetsinge • WinsumZandeweerZuurdijk
Buorskippen:
1e Nijhoezen • 2e Nijhoezen • 't Aagt • 't Lage van de Weg • 't Houweel • 't Stort • 't Wildeveld • Abbeweer • Aldedyk • Alinghuizen • Arwerd • Barnegaten • Bellingeweer • Bethlehem • Beusum • Bokum • Breede • Broek • De Dingen • De Hoogte • De Horn • De Houw • De Raken • De Streek • De Vennen • Den Hander • Den Haver • Deikum • DoodstilDouwen • Duisterwinkel • Eelswerd • Elens • Ellerhuizen • Ernstheem • Ewer • Falom • FlydoarpGriissleatGroot Maarslag • De Haar • Hammeland • Harssens • Hefswal • Hekkum • HelwerdHeuvelderij • Hiddingezijl • HolwindeIemshavenKaakhornKatershorn • Kattenburg • Klei • Klein Garnwerd • Klein Maarslag • Kolham • Koningslaagte • KoningsoordDe KnijpKruiswegLienstertillen • Lutje Marne • Lutje Saaksum • Lutjewolde (foar in part) • Maarhuizen • Menkeweer • Menneweer • Midhalm • Nijenklooster • Noordpolder • Noardpoldersyl • Obergum • Oldenzijl • Oldorp • Onderwierum • Oosterhorn • Oosterhuizen (Eenrum) • Oosterhuizen (Súdwâlde) • Oudeschip • PaapstilPanser • Plattenburg • Polen (foar in part) • Ranum • Reidland • Roodehaan • Schapehals • Schaphalsterzijl • Schilligeham • SkouwenSkouwersyl • Sint Annerhuisjes • Takkebos • Ter Laan • Tijum • Valcum • Waadwert • Walsweer • Westerhorn (De Marne) • Westerhorn • Westerklooster • Westpolder • Wierhuizen • Wierum • Willemsstreek • Zevenhuizen
Eardere buorskippen:
Het Bultje • De Hucht • Midhuizen
Wetter:
Broekstermaar • Delthe • Grutte Tsjaryt • Hoornse Vaart • Houwersylsterfeart • Hulpkanaal om Obergum • Hunzegoakanaal • Koksmaar • Kromme Raken • Oude Diepje • Ryddjip • Stitswerdermaar
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.