Beammebuert

De Beammebuert is in wenwyk binnen de stêd Snits De wyk telt (yn 2008) 570 ynwenners en hat in opperflakte fan 27 hektare (wêrfan 2 hektare wetter). Alle strjitten yn de wyk binne neamd nei beammessoarten.

De wyk grinzet yn it noarden oan de Swettebosk, yn it easten oan de Ljouwerterdyk, yn it suden oan de Binnenstêd en It Eilân en yn het westen oan de Noardeasthoeke.

Yn guon oersjoggen wurdt de wyk mei de Noarderhoek as ien gehiel rekkene. De Beammebuert is like grut as de Noarderhoek, mar hat folle minder ynwenners.

De grutste ferkearsieren fan de wyk binne de Bjirkeleane (yn it noarden), de Ljouwerterdyk (easten) en de Jachthavenstrjitte (yn 'e midden fan de wyk). Wetterwegen yn de wyk binne de Swette, dy't de eastlike grinzs foarmet en de Stedsgrêft, yn it suden grinsline. Yn it westen wurdt de grins foarme troch de Ljouwerterdyk.

Histoarje en bebouwing

Om 1900 kaam de Ingelsman Ebenezer Howard mei it konsept fan Túnstêden: sûn libje binnen in steedlike kultuer. Yn heul Europa skeaten de túnwiken en -doarpen as poddestuollen út de grûn. Wenje, wurkje en rekreëare krigen in eigen gebiet binnen de stêd. Dêr't foarhinne ryk en earm neist elkoar libben, waard dit no ek skieden.

De Beammebuert is hjir in goed foarbyld fan mei har grutte, romme huzen en flinke tunen. De earste bebouwing waard oan de rânen fan de wyk ( Swette, Jachthavenstrjitte en Ljouwerterdyk) setten. Nei de Twadde Wrâldoarloch is it binnenste diel fan de wyk fold mei wenningen.

Ien fan de meast opfallende wenningen is De Lindehoek, op de hoeke fan de Lindeleane. Dit pand is ûntwurpen troch arsjitekt Jo Boer en is noch hast hielendal yntakt.

De Lêste Stoerbrêge (rjochts).

It besjen wurdich

Sjoch ek de List fan monuminten yn Snits.

Foarsjennings

  • Parkeargaraazje Normandiaplein
  • Winkelplein Normandiaplein mei winkels
  • Eastertsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestjoer Snits (1978) Geschiedenis in straatnamen.
  • Gemeente Snits, Provinsje Friesland, Rijksdienst voor Archeologie, Cultuurlandschap en Monumenten (2008) Sneek.

Wiken en buerten yn de stêd Snits
Wiken:
Aldfeart • BeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek II • Pasfear • Poarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
Malta • Spitaal • Túndoarp
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.