Beamiikhoarntsjes
In griis iikhoarntsje.
In griis iikhoarntsje.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha)
famylje:iikhoarntsjes (Sciuridae)
ûnderfamylje:echte iikhoarntsjes (Sciurinae)
tûke:echte beamiikhoarntsjes (Sciurini)
skaai:beamiikhoarntsjes (Sciurus)
Linnaeus, 1758

De beamiikhoarntsjes (Latynske namme: Sciurus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e echte iikhoarntsjes (Sciurinae) en de tûke fan 'e echte beamiikhoarntsjes (Sciurini). Ta dit skaai hearre 30 soarten iikhoarntsjes, wêrûnder it gewoane of reade iikhoarntsje, dat ek yn Fryslân foarkomt.

Beamiikhoarntsjes hawwe in lange plomsturt dy't hast like lang is de rest fan it lichem, wêrfan't de lingte fariëarret fan 15-45 sm. Se komme foar yn 'e Amearika's en Jeraazje. De wittenskiplike namme fan dit skaai, Sciurus, komt fan it Grykske skia, dat "skaad" betsjut, en oura, "sturt", en kin dus oerset wurde as "skaadsturt", wat ferwiist nei it feit dat beamiikhoarntsjes har grutte plomsturt yn 'e regel omheech krôlje en sadwaande by sinneskynwaar yn it skaad fan har sturt sitte.

Soarten

  • skaai beamiikhoarntsjes (Sciurus)
    • ûnderskaai Amazônske reade iikhoarntsjes (Urosciurus)
      • Perûviaansk wytnekiikhoarntsje (Sciurus igniventris)
      • Súdamazônsk read iikhoarntsje (Sciurus spadiceus)
    • ûnderskaai Andeaanske reade iikhoarntsjes (Hadrosciurus)
      • fjoeriikhoarntsje (Sciurus flammifer)
      • Juníniikhoarntsje (Sciurus pyrrhinus)
    • ûnderskaai beamiikhoarntsjes (Sciurus)
      • alleniikhoarntsje of Allens iikhoarntsje (Sciurus alleni)
      • Arizona-iikhoarntsje (Sciurus arizonensis)
      • bûnt iikhoarntsje (Sciurus variegatoides)
      • collie-iikhoarntsje of Collie's iikhoarntsje (Sciurus colliaei)
      • deppe-iikhoarntsje of Deppe's iikhoarntsje (Sciurus deppei)
      • griis iikhoarntsje (Sciurus carolinensis)
      • iikhoarntsje, read iikhoarntsje of gewoan iikhoarntsje (Sciurus vulgaris)
      • Japansk iikhoarntsje (Sciurus lis)
      • Jûkataniikhoarntsje (Sciurus yucatanensis)
      • Meksikaansk griis iikhoarntsje (Sciurus aureogaster)
      • Meksikaansk swart iikhoarntsje (Sciurus nayaritensis)
      • petersiikhoarntsje of Peters' iikhoarntsje (Sciurus oculatus)
      • swart iikhoarntsje (Sciurus niger)
    • ûnderskaai Kaukasusiikhoarntsjes (Tenes)
    • ûnderskaai Súdamerikaanske iikhoarntsjes (Guerlinguetus)
      • Andeaansk iikhoarntsje (Sciurus pucheranii)
      • Atlantysk wâldiikhoarntsje (Sciurus ingrami)
      • Boliviaansk iikhoarntsje (Sciurus ignitus)
      • Brazyljaansk iikhoarntsje (Sciurus aestuans)
      • gielkieliikhoarntsje (Sciurus gilvigularis)
      • Guayaquiliikhoarntsje (Sciurus stramineus)
      • readsturtiikhoarntsje (Sciurus granatensis)
      • richmondiikhoarntsje of Richmonds iikhoarntsje (Sciurus richmondi)
      • sanborniikhoarntsje of Sanborns iikhoarntsje (Sciurus sanborni)
    • ûnderskaai westlike grize iikhoarntsjes (Hesperosciurus)
    • ûnderskaai wytsturtiikhoarntsjes (Otosciurus)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.