Beabuorren is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân, Fryslân. Beabuorren leit yn de himrik fan Tsjerkwert.
Beabuorren leit westlik fan de N359 (Boalserterwei) en Tsjerkwert en eastlik fan Eksmoarre.
Yn Beabuorren stiet de Beabuorstermole oan de Beabuorster Opfeart, dy nei it noarden yn de Makkumer Feart by Boalsert útkomt. Der is in wynpark dat neamd is nei de âlde mole dy't earder eigendom wie fan it wetterskip Eksmoarre.
It plak waard yn 1529 oanhelle as to Baeburen, yn 1537 as Baebuiren, yn 1664 Babuyren en fan de 19e iuw ôf as Baburen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.